Thomas Mann
Paul Thomas Mann (Lübeck, 6 juny 1875 - Zürich, 12 augustus 1955) wie ien fan de grutste Dútske skriuwers út de tweintichste iuw. Hy krige yn 1929 de Nobelpriis foar de Literatuer.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]1875 - 1895, earste libbensjierren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Thomas Mann wie de soan fan de keapman Thomas Johann Heinrich Mann en de heal-Braziljaanske Julia de Silva-Bruhns. Hy wie de jongere broer fan skriuwer Heinrich Mann (1871-1950). Fierder hie er twa jongere susters, Julia en Carla, en in jongere broer Viktor. Thomas beskreau syn bernetiid letter as lokkich en soarchleas, mar yn 1891 stoar syn heit oan de gefolgen fan blaaskanker. Yn syn testamint hie er oanjûn dat it troch him oprjochte bedriuw en it famyljehûs ferkocht wurde moasten. De famylje Mann koe dan libje fan de rinte fan de ferkeap.
It die bliken dat Thomas Mann gjin flitige learling wie, hoewol't er dúdlik bejeftige wie. Hy skreau leaver, bygelyks foar it tydskrift Der Frühlingssturm, dêr't er yn 1893 mei-útjouwer fan waard. Hy wie him al betiid bewust fan syn ropping as skriuwer, sa't bliken docht út in bewarre bleaune brief út 1899, dêr't de 14-jierrige yn ôfslút mei "Thomas Mann, lyrysk-dramatysk dichter". Yn 1894 ferliet er it gymnasium en ferhuze nei München, dêr't har ûnderwilens ek harren mem en de oare bern fêstige hiene.
It fâd fan Thomas bepaalde dat er nei it gymnasium in boarglik berop kieze moast. Hy akseptearre dat en gie oan it wurk foar in ferskeringsmaatskippij: saai en pretinsjeleas wurk, nei syn miening. Hy gie dan ek stikem fierder mei it skriuwen en debutearre yn 1894 mei de novelle Gefallen, yn it tydskrift Wohlgefallen.
Yn 1895 hâlde Mann op mei syn wurk by de fersekeringsmaatskippij en begûn oan in stúdzje oan de technyske Hochschule te München. Mar ek dy koe him net boeie. Doe't Thomas Mann op syn 21ste mearderjierrich waard en er it jild fan syn heites erfenis ta syn foldwaaning krige, hie er genôch fan skoalle en wurk en besleat er definityf skriuwer te wurden.
1895 - 1905, earste publikaasjes, Buddenbrooks
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1895 reizge Thomas syn broer Heinrich yn in ympuslive bui efternei, nei Itaalje. Hy ferbleau earst in skofke yn Rome en hierde dêrnei, tegearre mei Heinrich, in húske yn it stedsje Palestrina, dat dêr tichteby leit. Dêr ferbleauwen hja úteinlik twa jier. Thomas skreau yn dy perioade in tal novellen, wêrûnder Der kleine Herr Friedemann. Lykas Heinrich wurke er om dy tiid hinne ek út en troch foar Das Zwanzigste Jahrhundert – Blätter für deutsche Art und Wohlfahrt, in nasjonaal-konservatyf Dútsk tydskrift mei in antisemitistyske ynslach. De toan fan it blêd stie him lykwols gau tsjin. Yn 1898 ferruile er it blêd foar it tydskrift Simplicissimus, dêr’t er in jier lang redakteur fan bliuwe soe.
Doe’t Thomas Mann tahâlde yn Palestrina begûn er al oan syn grut opsette realistyske roman Buddenbrooks - Verfall einer Familie. Buddenbrooks ferskynde úteinlik yn 1901. Gebrûk meitsjend fan syn eigen famyljeskiednis ferhellet Mann dêryn fan de ûndergong yn de rin fan fjouwer generaasjes fan in Lübeckske keapmanfamylje. Dúdlik werom te kennen is Schopenhauers kultuerpessimisme, dat him oppenearret yn in grutte sensibiliteit, keunstsinnigens en in sekere dekadinsje. Binnen it beskreaune miljeu is in oanhâldende spanning werkenber tusken it saaklike en it artistike. In sterk aspekt fan dy roman is it ûntbrekken fan it moralisearjen: nettsjinsteande de delgong bliuwt in dúdlike sympaty fan de skriuwer werkenber foar frijwol as syn romanfigueren, hoe ferskillend ek.
Buddenbrooks waard al gau in súkses en fêstige de namme fan Thomas Mann as skriuwer. Yn 1929, 28 jier nei it ferskinen, waard him dêrfoar de Nobelpriis foar de Literatuer takend.
1905 - 1912, houlik en bern
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei it súkses fan Buddenbrooks fêstige Thomas Mann him definityf yn München. Nettsjinsteande homoseksuele oanstriid, boaske er yn 1905 mei Katharina „Katia“ Pringsheim en keas dêrmei foar in oardlik en min ofte mear boarchlik libben. Thomas en Katia krigen seis bern, fan wa’t der in soad sels in bekend skriuwer of wittenskipper waarden.
Namme | Berop | Berne | Stoarn |
---|---|---|---|
Erika | aktrise, skriuwer | 9 novimber 1905 | 27 augustus 1969 |
Klaus | skriuwer | 18 novimber 1906 | 21 maaie 1949 |
Golo | skriuwer, skiedkundige | 29 maart 1909 | 7 april 1994 |
Monika | skriuwer | 7 juny 1910 | 17 maart 1992 |
Elisabeth | skriuwer, jurist | 24 april 1918 | 8 febrewaris 2002 |
Michael | musikus, literatuerwittenskipper | 21 april 1919 | 1 jannewaris 1977 |
1912 - 1924, dea yn Feneesje, Der Zauberberg
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1912 waard by Katia tbc konstatearre, wêrtroch’t hja lange tiid yn in sanatoarium yn Davos ferbleau. De sfear dêre brûkte Mann letter as basis foar syn grutte ideeëroman Der Zauberberg, dêr’t er yn 1913 oan begûn en dy’t er pas yn 1924 ôfrûne.
Mann begûn pas goed te wurken oan Der Zauerberg neidat er de novelle Der Tod in Venedig yn july 1912 foltôge hie, dy’t in hichtepunt foarmet binnen syn koartere wurk. It is it ferhaal fan in eminint en pragmatysk keunstner, Gustav von Aschenbach, dy’t yn in opwâling ôfreizget nei it troch goalera teheistere Feneesje en dêr fereale wurdt op in moaie jongeling. Wylst er tajout oan de hieltyd ûnremme dreamen, wurdt er troch de dekadinsje meiskuord de dea yn, eat dat er úteinlik oanfurdiget as in romantysk needlot.
Lykas Von Aschenbach reizget Hans Castorp yn it begjin fan Der Zauberberg nei in 'oare wrâld' mei in oare belibbing fan de tiid, in wrâld dêr’t er oer in rige fan grinzen hinne giet dy’t him skiede sille fan alles wat him fertoud is. Uteinlik docht it bliken dat dat symbolysk is foar de tiidbreuk dêr’t de Earste Wrâldkriich foar soarge hat.
Ek foar Mann sels betsjutte it wurkjen oan Der Zauberberg it útwurkjen en feroarjen fan djip woartele opfettings. De Earste Wrâldkriich betsjutte ûnder oare in omkear yn syn wrâldbeskôglike ûntjouwing, fan net polityk ynteresearre ta konservatyf demokratysk liberaal. Dat docht yn earste ynstânsje bliken út Betrachtungen eines Unpolitischen (1918), dêr’t er him yn oanlutsen toant ta de Dútsk-konservative kultuer, dy’t berêst op de romantyk fan Eichendorff’s Taugenichts, Wagner, it nasjonale en de jonkheid. Yn de jierren nei 1918 kaam Mann hieltiten mear út syn dichterlike isolemint, liet syn konservative stânpunten standichoan gean en waard mear en mear ta in stiidber humanist. Dêrmei stie er ynearsten oan de kant fan de idealen fan de Weimarrepublyk.
Mann’s ynnerlike ideologyske striid tusken it konservatisme en it humanisme wurdt yn Der Zauberberg dúdlik wjerspegele yn de djipgravend filosofyske, mar mei in soad humor brochte striidpetearen tusken de personaazjes Settembrini en Naphta.
1924 - 1939, Lotte in Weimar
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de lette jierren tweintich skreau Thomas Mann in tal fan wichtige essays dêr’t er syn ideologyske stânpunten neier yn bepaalde. Benammen besocht er Dútslân en Frankryk neier ta inoar te bringen. Dêrby toande er him 1930 hinne ek aktyf tsjinstanner fan it opkommende nasjonaalsosjalisme. Yn 1933 moast er lykwols ûnderfine dat syn humanistysk-liberale idealen ta neat laat hiene en luts him teloarsteld wer foar jierren werom yn syn wurk.
Fan 1933 ôf wenne Thomas Mann regelmjittich yn Switerslân, om yn 1936 definityf te kiezen foar emigraasje. Hy sette him ta wenjen yn Zürich en joech dêr fan 1937 oant 1940 it bekende emigrante tydskrift Masz und Werth út.
Doe’t Mann yn ‘e rin fan de jierren tritich merkbite dat it nasjonaalsosjalisme him stadichoan master makke hie fan syn idealen, de jeugdleafde foar romantyk, Nietzsche en Wagner, grypte er ein jierren tritich mear werom op de anty-romantyske, klassyk-humanistyske krêft fan de Dútske tradysje. Utering dêrfan is syn moaie, erudite mar ek licht spottende roman Lotte in Weimar (1939), dêr’t er op basis fan in enoarme belêzenens en feitekennis de moeting yn beskriuwt fan de âld wurden Goethe en de ek âld wurden Lotte út syn Werther.
1939 - 1955, Doktor Faustus, Felix Krull
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 1938 ôf ûntjoech Thomas Mann him stadichoan ta in enerzjyk antyfassist, dy’t taspraken en radiofoardrachten it “oare Dútslân” (klassyk, filosofysk) foar it nasjonaalsosjalisme oer stelde. Dy hâlding berikte yn literêre sin har hichtepunt yn in analyze fan de fassistyske-demoanyske trekken fan de Dútske aard yn syn roman Doktor Faustus (ferskynd yn 1947). Yn dy filosofyske roman oer de fiktive demoanyske komponist Adrian Leverkühn, ferkent Mann it idee dat tawijing oan de keunst ferwurde kin ta in kontrakt mei de duvel, wêrmei’t hy him ek rekkenskip besocht te jaan fan de romantysk-muzikale, mar tagelyk nihilistyske faktoaren binnen de Dútske tradysje. Yn Doktor Faustus liet Thomas Mann nochris syn grutte kennis fan klassike muzyk sjen.
Ein 1939 ferfear Thomas Mann mei syn frou en dochter Katia nei de Feriene Steaten en yn 1944 krige er it Amerikaansk steatsboargerskip. De jierren nei 1945 waarden geastlik en literêr skaaimerke troch in seker ûntspanning. Op it djipgravende Doktor Faustus folge bygelyks in roman as Felix Krull (1954), dêr’t allinne it literêre en humoristyske wer de oerhân yn krije. Polityk sjoen toant er him yn dy jierren opfallend tolerant.
Yn 1952 kearden de Manns werom nei Switserlân. Hja setten harren wer te wenjen by Zürich, oan de mar.
1955, ferstjerren, deiboeken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn july 1955 ferbleau Mann mei syn frou yn Noardwyk oan See. Hy krige der pine yn syn skonk en der waard tromboaze konstatearre. Hy kearde werom nei Switserlân foar fierdere behanneling, mar syn tastân waard hieltiten minder. Hy stoar op 12 augustus 1955 yn Zürich oan de gefolgen fan arteriosclerose. Thomas Mann waard begroeven yn Kilchberg.
Tweintich jier nei Manns dea, yn 1975, ferskynden syn deiboeken (perioades 1918-1921 en 1933-1955). Dy jouwe net allinne in soad ynformaasje dy’t fan belang is foar in begryp fan syn wurk, mar ek in djipgeand byld fan de minsk efter de skriuwer. It docht bliken dat Mann in fakentiden tantearre persoan, oanhâldend bleatsteld oan yrritaasjes en kompleksen. Oan ‘e iene kant sjogge wy him stadich oan syn oeuvre bouwen, oan ‘e oare kant ferfalt er ek faak yn it prakkesearjen oer lyts deistich ûngemak. Ek wrakselet er mei syn (homo)-eroatyske belangstelling, dy’t nei bûten ta ferburgen bliuwe moast, mar fan binnen troch gie mei baarnen.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Romans
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Buddenbrooks – Verfall einer Familie (1901)
- Königliche Hoheit (1909)
- Der Zauberberg (1924)
- Joseph und seine Brüder – Tetralogy (1933–1943)
- Die Geschichten Jaakobs (1933)
- Der junge Joseph (1934)
- Joseph in Ägypten (1936)
- Joseph der Ernährer (1943)
- Lotte in Weimar (1939)
- Doktor Faustus (1947)
- Der Erwählte (1951)
- Bekenntnisse des Hochstaplers Felix Krull (1954)
Ferhalen en novellen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Vision. Prosa-Skizze, 1893
- Gefallen, 1894
- Der Wille zum Glück, 1896
- Enttäuschung, 1896
- Der Tod, 1897
- Der kleine Herr Friedemann, 1897
- Der Bajazzo, 1897
- Tobias Mindernickel, 1898
- Der Kleiderschrank, 1899
- Gerächt. Novellistische Studie, 1899
- Luischen, 1900
- Der Weg zum Friedhof, 1900
- Gladius Dei, Novelle 1902
- Tonio Kröger, Novelle 1903
- Tristan, Novelle 1903
- Die Hungernden, 1903
- Das Wunderkindv, 1903
- Ein Glückv, 1904
- Beim Propheten, 1904
- Schwere Stunde, 1905
- Anekdote, 1908
- Das Eisenbahnunglück, 1909
- Wie Jappe und Do Escobar sich prügelten, 1911
- Der Tod in Venedig, 1912
- Herr und Hund. Ein Idyll, 1918
- Gesang vom Kindchen. Ein Idyll, 1919
- Wälsungenblut, 1921 (ynlutsen edysje 1906)
- Unordnung und frühes Leid, 1926
- Mario und der Zauberer, 1930
- Die vertauschten Köpfe – Eine indische Legende, 1940
- Das Gesetz, 1944
- Die Betrogene, 1953
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Margreet den Buurman: Schrijverschap tegen de vergankelijkheid (biografy), Soesterberg, 2010 ISBN 9059118766
- Peter de Mendelssohn: Der Zauberer. Das Leben des deutschen Schriftstellers Thomas Mann. (biografy), Frankfurt
- Earste diel: 1875–1918. 1975, ISBN 3-10-049402-4.
- Twadde diel: Jahre der Schwebe. 1919 und 1933, Nachgelassene Kapitel, Register. 1992, ISBN 3-10-049405-9.
- Joachim Fest: Die unwissenden Magier - Über Thomas und Heinrich Mann, Berlyn 1998 ISBN 3-442-75535-2.
- Hans-Peter Haack: Erstausgaben Thomas Manns. Ein bibliographischer Atlas. Mitarbeit Sebastian Kiwitt, Antiquariat Dr. Haack, Leipzig 2011, ISBN 978-3-00-031653-1.
- Thomas Mann: Duitsland heeft mij nooit met rust gelaten, Amerikaans dagboek 1940-1948 (Nederlânske oersetting fan de orizjinele Dútske deiboeken, Tagebucher 1940-1948 útjûn by útjouwerij S.Fisher Verlag GmbH, Frankfurt am Main), Privé-Domein (nr. 203), De Arbeiderspers, 1995. ISBN 90-295-3029-4/CIP.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) The Nobel Prize — autobiography
- (dú) Thomas Mann website Fischer Verlag
- (dú) Thomas-Mann-Figurenlexikon von Eva D. Becker Figuereleksikon fan romans en ferhalen fan Thomas Mann
- (ned) Portret fan Nobelpriiswinner Thomas Mann
- Dútsk romanskriuwer
- Dútsk koarte-ferhaleskriuwer
- Dútsk autobiograaf
- Dútsk essayist
- Dútsk tydskriftredakteur
- Dútsk polityk aktivist
- Dissidint yn nazy-Dútslân
- Dútsk balling
- Amerikaansk romanskriuwer
- Amerikaansk koarte-ferhaleskriuwer
- Amerikaansk autobiograaf
- Amerikaansk essayist
- Amerikaansk tydskriftredakteur
- Amerikaansk polityk aktivist
- Winner fan de Nobelpriis foar de Literatuer
- Dútsk persoan fan Brazyljaansk komôf
- Dútsk persoan fan Portegeesk komôf
- Persoan berne yn 1875
- Persoan stoarn yn 1955