Amoene van Haersolte
Amoene van Haersolte | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Ernestine Amoëne Sophie van Haersolte-van Holthe tot Echten | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berteplak | Utert | |
stjerplak | Dalfsen | |
wurk | ||
bekendste wurk(en) |
Sophia in de Koestraat | |
prizen | P.C. Hooft-priis | |
jierren aktyf | 1927 - 1953 | |
offisjele webside | ||
Biografy, wurk en teksten by de DBNL |
Ernestine Amoëne Sophie van Haersolte-van Holthe tot Echten (Utert, 23 febrewaris 1890 – Dalfsen, 1 augustus 1952) wie in Nederlânsk jonkfrou en skriuwster fan proaza. Yn 1947 ûntfong se de earste P.C. Hooft-priis.
Libben en wurk
Van Haersolte wie in dochter fan Rudolph Arent van Holthe tot Echten en Anna Maria Storm van 's Gravesande. Se boaske op 7 maart 1916 mei Johan Frederik baron van Haersolte (1880-1957), wethâlder fan Swol, rjochter-plakferfanger en dykgraaf. Sy krigen fjouwer bern.
Van Haersolte publisearre ûnder oaren yn Onze Eeuw, Leven en Werken en Den Gulden Winckel. Nei de Twadde Wrâldoarloch publisearre hja yn De Nieuwe Stem en Overijssel, Jaarboek voor cultuur en historie.
Sy stoar yn de âldens fan 62 jier en waard beïerdige op Begraafplak Bergklooster yn Swol.
Prizen
- 1947 - P.C. Hooft-priis foar Sophia in de Koestraat. De earste P.C. Hooft-priis: dat jier ynsteld meidat it doe 300 jier lyn wie dat Hooft stoar.
Bibliografy
- 1927 - De laatsten (novelle)
- 1946 - Sophia in de Koestraat (novelle)
- 1949 - De komeet en het harlekijntje (roman)
- 1951 - Lucile (roman)
- 1953 - De roerkop (novelle)