Springe nei ynhâld

Shirley Temple

Ut Wikipedy
De ferzje fan 13 jan 2020 om 23.34 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Keppelings om utens: kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Shirley Temple yn 1944
Shirley (rjochts) mei Eleanor Roosevelt yn 1938

Shirley Jane Temple (Santa Monica (Kalifornje), 23 april 1928 - Woodside, Kalifornje, 10 febrewaris 2014) wie in Amerikaansk aktrise en diplomaat. Shirley Temple is foaral bekend wurden as bernestjerke. It famke mei de goudblûne krollen en fonkeljende eagen wurdt troch in protte minsken beskôge as it meast bekende bernestjerke út de filmskiednis. Sy wie tusken 1932 en 1949 yn mear as fyftich films te sjen. As Shirley Temple Black hat hja karriêre as ambassatrise foar de Feriene Steaten makke, nammentlik yn Gana en Tsjechoslowakije.

Shirley Temple wie tusken 1936 en 1938 in tige súksesfolle artyst yn Hollywood; oare studio's besochten dan ek yn te heakjen op it súkses, en brochten harren eigen films út mei lytse famkes yn de haadrol.

Doe't hja âlder waard, daalde har populêrens hurd.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]