Springe nei ynhâld

Quidditch Through the Ages

Ut Wikipedy
De ferzje fan 30 des 2019 om 20.13 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (It boek yn ús wrâld: kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
De skriuwster fan it boek (yn ús wrâld) J.K. Rowling

Quidditch Through the Ages is in Ingelsk boek út 2001 dat beskreaun wurdt yn 'e Harry Potterrige fan 'e skriuwster J.K. Rowling. Hja hat it boek letter lykwols ek wier skreaun,en it is útjûn troch 'e útjouwer Bloombury yn Ingelân.

It boek yn 'e tsjoenderswrâld

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e wrâld fan Harry Potter is it boek skreaun troch Willyworthy Wisp, in swurkbalekspêr. Yn it boek wurdt 'e histoarje fan 'e tsjoenderssport swurkbal beskreaun. Op Swiniastate is it boek te fine yn 'e grutte biblioteek.

It boek yn ús wrâld

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it echt is it boek, krekt as it boek Fantastic Beasts and Where to Find Them, skreaun troch de skriuwster fan de rige oer Harry Potter, J.K. Rowling. Krekt as by dat boek, wie ek de opbring fan Quidditch Through the Ages foar de stifting Comic Relief. Op 'e flap fan it boek stiet dat it boek skreaun is troch Willyworthy Wisp, krektas yn 'e tsjoenderswrâld.