Alian Akkermans
Alian Akkermans (Aldeboarn, 1949?). wie meiwurker fan de Afûk fan 1986 – 2011. Dêr waard se wol ‘De mem fan Tomke’ neamd, om’t hja oan de widze stie fan it fleurige pjuttefiguerke Tomke en it mantsje mei grut makke hat.
Wurke as skoaljuffer earst op De Gordyk, letter yn De Wylgen. Sûnt 1986 oan de Afûk ferbûn. Ynearsten as foarljochtster foar it boekefûns nei de skoallen en de boekhannels ta en dêrnei as koördinator fan it berneboekefûns fan de útjouwerij. Om it foarlêzen troch âlden en liedsters oan pjutten te stimulearjen ûntstie yn 1996 it Tomke-projekt. De lêste jierren fan har wurk lei it swiertepunt fan Akkermans’ takepakket yn de útfiering fan de provinsjale doelen op it mêd fan Frysk yn de soarch. Foar de âldereinsoarch resultearre dat bygelyks yn it projekt ‘Dat wie doe sa’, bedoeld om aktiviteitebegelieders fan Frysktalich materiaal te foarsjen.
Njonken har wurk by de Afûk wie Akkermans ek op oare mêden foar de Fryske taal en kultuer aktyf. Jierrenlang wie se toanielspylster by it Kritetoaniel fan Aldeboarn en fan 1980 oant 1993 bestjoerslid fan it Boun Fryske Toanielselskippen. Fan 1997 - 2008 siet Akkermans yn it bestjoer fan de Folkshegeskoalle Schylgeralân op Skylge en fan 1997 - 2011 wie se bestjoerslid fan de Stifting Freonen fan Tryater. Yn dy perioade waard de doe noch by it bestjoer fan Tryater ûnderbrochte freoneklup ferselsstannige en makke in grutte groei troch. By har ôfskie spile Tryater de foarstelling 'Tomkesiket om 'e kluts'.
Op 26 maaie 2011 waard Alian Akkermans Lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau, foar alle aktiviteiten dy't se, sûnt 1986, foar de promoasje fan de Fryske taal útfierd hat.[1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|