Springe nei ynhâld

Guantánamobaai

Ut Wikipedy
De ferzje fan 25 nov 2019 om 14.51 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (kt)

Berjocht:See De Guantánamobaai is in baai yn it súdeasten fan Kuba, yn de provinsje Guantánamo. De baai is in ynholte fan de Karibyske See. De Guantánamorivier mûnet yn it westen yn de baai by de havenstêd Caimanera.

De havenplakken Caimanera (westouwer) en Boquerón (eastouwer) lizze tsjinoer elkoar op in plak dêr't de baai tige smel is. De stêd Guantánamo leit op sa'n 13 kilometer benoarden de baai.

Yn it súdlik part fan de baai leit in marinebasis fan de Feriene Steaten (sûnt 1898) dy't Guantanamo Bay hjit. De basis omfiemet sa'n 117 km² fan de baai.