Springe nei ynhâld

Lincolnsee

Ut Wikipedy
De ferzje fan 23 nov 2019 om 21.34 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (kt)
De Lincolnsee benoarden Grienlân

De Lincolnsee (Ingelsk: Lincoln Sea) is part fan de Noardlike Iissee; de see leit benoarden Grienlân. De Nares Strjitte, de meast noardlike útrinner fan de Baffinbaai komt út yn de Lincolnsee. It iis op de Lincolnsee heart mei trochstrings 15 meter ta it dikste seeiis op ierde, dat oan de see lizze gjin havens.

De see is neamd nei Robert Todd Lincoln, eartiids Amerikaansk minister fan Definsje en de soan fan Abraham Lincoln, dy't oan Adolphus W. Greely syn poalekspedysje fan 1881-1884 nei de Lady Franklinbaai meidie.

It iennichste bewenning op de kusten fan de Lincolnsee is yn Alert op Ellismere, it meast noardlike stasjon fan Kanada.