Belesting
- Net te betiizjen mei belêsting, de krêften dy't earne op útoefene wurde.
Belesting, soms ek taks neamd (fan it Latynske taxo, "ferhâlding"), is in algemiene, ferplichte betelling troch boargers en oare rjochtsûnderdienen (lykas bedriuwen) oan 'e oerheid fan it lân dêr't se yn wenje of fêstige binne. It byhearrende eigenskipswurd is fiskaal, in ferbûging fan it wurd fiskus, dat de belestingtsjinst oantsjut, de ynstânsje fan 'e oerheid dy't oer de belestings giet. It ynjen fan belesting troch de oerheid wurdt belestingheffing neamd, en dêrom neamt men in beskate belesting soms ek wol in heffing. Foar belestingheffing stiet gjin yndividuële tsjinprestaasje oer fan 'e oerheid yn 'e rjochting fan in beskate rjochtsûnderdien. As der foar in betelling oan 'e oerheid wol in prestaasje fan 'e kant fan 'e oerheid foar in beskate rjochtsûnderdien oer stiet, sprekt men fan in retribúsje.
Belestingrjocht
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Belestings wurdt ine op basis fan 'e wet; alle wetten en regels omtrint belestings mei-inoar neamt men it belestingrjocht. As in rjochtsûnderdien wegeret en betelje de oan him opleine belestings, is er strafber en sil er navenant ferfolge wurde. Guon lju besykje oan it beteljen fan belesting te ûntkommen troch (yllegale) belestingûntdûking of (legale mar ornaris as ymmoreel beskôge) belestingûntwiking.
Funksjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Budgettêre funksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wichtichste funksje fan belesting is de budgettêre funksje. Dat hâldt yn dat de opbringst fan 'e opleine belestings troch de oerheid brûkt wurdt foar it finansieren fan foarsjennings, wêrfan't yn 'e wet fêstlein is dat dy algemien tagonklik en beskikber wêze moatte. Foarbylden fan sokke foarsjennings binne de ynfrastruktuer (bgl. wegen, spoarwegen, kanalen, brêgen, fiadukten, akwadukten, strjitten, pleinen), plysje, brânwacht, sûnenssoarch, ûnderwiis, kriichsmacht, sosjale sekerheid, saken omtrint keunst en kultuer, en yn Nederlân ek it Keninklik Hûs.
Ynstrumintele funksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dêrnjonken hat belestingheffing in ynstrumintele funksje. Dat bestjut dat de oerheid mei it ynjen fan belesting njonken it beteljen foar de begrutting noch oare doelstellings neistribbet en de belestingheffing dêrfoar as yntrumint brûkt. Foarbylden fan sokke bykommende funksjes binne:
- De ferdielingsfunksje: de oerheid wol de ynkommensferdieling gelikenser meitsje troch de hegere ynkommens swierder en de legere minder swier te belêsten.
- De allokaasjefunksje: de oerheid wol de nasjonale yndustry, hannel of agraryske sektor beskermje, bgl. troch by de grins ynfierheffings op te lizzen oan bûtenlânske produkten.
- De stabilisaasjefunksje: de oerheid wol it konjunktuerbelied beynfloedzje, bgl. troch yn tiden fan resesje (leechkonjunktuer) de belestings te ferleegjen, sadat de lju oanfitere wurde mear jild út te jaan, wat de ekonomy sterker makket en dêrom yn teory helpe moatte soe om út 'e resesje te kommen.
- De sosjale funksje: de oerheid wol beskaat sosjaal winsklik hâlden en dragen fan syn rjochtsûnderdienen oanfiterje of ûnwinsklik hâlden en dragen ûntmoedigje. Soks kin dien wurde troch bgl. miljeufreonlike produkten minder swier te belêsten, sadat dêr mear fan kocht wurde en it miljeu sparre wurdt, of troch iten en drinken dêr't in soad sûker yn sit dat min foar de sûnens fan 'e minsken is, swierder te belêsten, sadat dêr minder fan kocht wurdt.
Direkte en yndirekte belestings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Direkte belestings binne belestings op ynkommen, winst en fermogen. Sokke belestings draacht de belestingplichtige sels ôf oan 'e belestingtsjinst, de ynstânsje fan 'e oerheid dy't oer it ynjen fan 'e belestings giet. Foarbylden fan sokke belestings binne de ynkomstebelesting en de fennoatskipsbelesting.
Yndirekte belestings, of ek wol kostpriisferheegjende belestings, wurde troch in oar oan 'e belestingtsjinst ôfdroegen. Sokke belestings binne lykwols yn 'e priis fan guod en tsjinsten ferwurke. De bekendste foarbylden fan dat soarte belestings binne de omsetbelesting (yn Nederlân de BTW) en aksynzen. De konsumint betellet dy belestings, mar de leveransier fan it kochte guod of de ferliende tsjinsten draacht it belestingbedrach ôf oan 'e belestingtsjinst.
Wize fan beteljen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Belesting kin ek ûnderferdield wurde op basis fan 'e manear dêr't it op ôfdroegen wurdt. Sa ûnderskiedt men:
- Heffings yn jild, wêrby't it bedrach dat wetlik ferskuldige is, foldien wurdt yn jild.
- Heffings yn natuera, wêrby't it bedrach dat wetlik ferskuldige is, foldien wurdt op in oare wize. Sa joech men yn 'e Midsiuwen bgl. wol in pear hinnen of in baarch oan 'e belestingynder mei. In hjoeddeistige foarm fan heffing yn natuera is as der betelle wurdt troch de oerdracht fan oandielen of obligaasjes.
- Heffings yn arbeidskrêft, dat yn 'e regel mar selden as in foarm fan belesting sjoen wurdt, mar dat foar de wet eins wol is. Foarbylden binne de militêre tsjinstplicht en yn lannen mei in sjueryrjochtspraaksysteem de sjueryplicht.
Soarten belesting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bekende soarten belesting binne:
- erfenisbelesting
- fennoatskipsbelesting
- ynkomstebelesting
- kânsspulbelesting
- omsetbelesting
- winstbelesting
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Further reading, op dizze side.
|