Springe nei ynhâld

Klaas van der Meulen (skûtsjeskipper)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 9 okt 2019 om 00.57 troch Drewes (oerlis | bydragen) (Keppeling om utens)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

Klaas van der Meulen (It Heidenskip, 20 july 1907 - Starum, 7 july 1973) wie in skûtsjeskipper op ûnder oaren it skûtsje fan Wâldsein (1965-1973).

Klaas van der Meulen sylde fan 1945 ôf foar de wedstriden op it skûtsje de Twee Gebroeders fan syn skoanheit Teake Salverda. Hy wûn it earste kampioenskip fan wat letter de Sintrale Kommisje Skûtsjesilen wurde soe. Cor Salverda waard yn 1946 de eigner, mar ek foar him sylde Van der Meulen mei by de SKS, en hy wûn op 'e nij yn 1947 en 1951. Yn 1954 sylde er sa sterk dat er kampioen waard mei trije fan de doe fjouwer wedstriden wûn.

Cor Salverda ferkoft lykwols de Twee Gebroeders en Van der Meulen wie der yn 1955 net by, by de SKS. Yn 1956 en 1957 sylde er op de Twee Gebroeders fan Snits. De lettere Stifting Skûtsje Súdwesthoek helle lykwols it Salverda-skûtsje werom nei Starum, en fan 1958 oant en mei 1961 wie Klaas van der Meulen wer de skipper. Yn 1962 naam syn sweager Douwe Visser it lykwols oer, dat dat jier sylde Klaas net mei by de SKS en yn 1963 en 1964 sylde er foar De Lemmer.

Dat jier kocht er lykwols in eigen skûtsje, dat er nei syn heit de Keimpe van der Meulen neamde. Mei syn eigen skûtsje, mei Wâldsein as thúsplak, sylde er fan 1965 mei yn it kampioenskip SKS.

Yn 1973 stoar Klaas van der Meulen yn it harnas, ûnder de SKS wedstryd by Starum. De wedstryd by Starum waard ôfbrutsen en Wâldsein sylde it kampioenskip net út. Ta syn neitins krige it skûtsje de namme Klaas van der Meulen. Fan 1974 oant 1986 wie syn soan Keimpe de skipper, fan 1987 oant 1999 naam syn oare soan Teake it oer en sûnt 2000 sylt syn tredde soan Ype op it skûtsje fan harren heit.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]