Kato (taal)
Kato | ||
algemien | ||
oare namme(n) | Cahto | |
lânseigen yn | Feriene Steaten | |
tal sprekkers | ― († 1960-er jierren) | |
skrift | Latynsk alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Dené-Jenisejaansk ● Na-Dené ● Ejak-Atapaskysk ● Atapaskyske ● Pasifysk-Atapaskysk ● Kato | |
taalkoades | ||
ISO 639-3 | ktw |
It Kato (Ingelsk: Cahto of Kato) is in útstoarne taal dy't sprutsen waard troch de Kato, in lânseigen Yndiaanske etnyske groep yn it noarden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje. It Kato hearde ta de Atapaskyske taalgroep binnen de Na-Dené-talen, en wie dêrmei yn 'e fierte besibbe oan bgl. it Navaho en de Apache-talen. Binnen de lytsere Pasifysk-Atapaskyske kloft waard it Kato ta de geografyske subgroep fan Kalifornje rekkene.
It Kato waard oarspronklik sprutsen yn 'e krite fan Laytonville en Branscomb, oan 'e bopperin fan 'e Súdlike Ielrivier. It stoar dêr yn 'e rin fan 'e 1960-er jierren út. It Kato wie it naust besibbe oan it Hûpa (Hoopa), it Mattole (Bear River) en it Wailaky (Eel River), dêr't inkeld it Hûpa noch fan sprutsen wurdt (waard), mei 1 memmetaalsprekker yn 2012. Fan âlds wiene de measte etnyske Kato twatalich en sprieken se ek Noardlik Pomo, wylst guon dêrnjonken ek noch it Jûky (Yuki) machtich wiene.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |