Praetoriaanske garde
De Praetoriaanske garde (of Praetoriaanske Wacht) wie by de Romeinen in spesjale militêre ienheid dy't de keizerlike liifwacht foarme.
Praetor is yn it Latyn letterlik foargonger of lieder; it wie de titel fan de heechste amtner yn de Romeinske Republyk, mar waard letter de posysje fuortendaliks ûnder de konsul fan Rome. It haadkertier fan in Romeinsk leger waard in praetorium neamd en de wacht fan in generaal cohors praetoriae. Dêrút ûntstie lang om let de Praetoriaanske garde lykas dy ynsteld waard troch keizer Imperator Caesar Augustus yn 27 f.Kr.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oarspronklik bestie de garde út njoggen kohorten fan elk 500 oant 1000 man. Trije kohorten wienen yn Rome legere, de rest yn kazernes bûten de haadstêd. Under it bewâld fan keizer Tiberius waard de garde opnij organisearre troch tadwaan fan de prefekt Lusius Aelius Seianus. Hy krige opdracht om de hiele garde tichtby Rome te legerjen, yn de "Castra Praetoria". Sûnt dy tiid wie de garde net langer oer en om de stêd ferspriede, wêrtroch't dizze letter in grutte politike ynfloed krije soe. Net allinnich de keizer koe de garde as priveeleger brûke, de garde koe likegoed in grut gefaar betsjutte as de keizer de kontrôle deroer ferlear.
De Praetoriaanske garde hat meardere kearen har macht misbrûkt troch de Romeinske senaat ûnder bedriging in persoan ta keizer te útroppe te litten. De garde koe troch omkeapjen ek misbrûkt wurde om tsjinstanners en rivalen út de wei te romjen dêr't de keizer sels faak it slachtoffer by wie.
It wie gewoante dat de Praetoriaanske garde jild fan de keizer krige by syn troansbestiging en op spesjale gelegenheden tidens syn regear. Sa'n jefte fan de keizer waard "donativum" neamd. Yn 31 wie keizer Tiberius twongen de garde mei in "donativum" om te keapen om har eigen prefekt arrestearje te kinnen. Yn 193 wie de Praetoriaanske Garde sa korrupt wurden (by de dea fa Kommodus) dat sy de troan ferkochten oan de heechste bieder. De hiele Garde waard dêrom twa moannen letter troch keizer Septimius Severus ôfset en folslein ferfongen troch soldaten fan syn eigen legioenen.
Ein
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 284 fermindere Diokletianus de macht fan de garde en Konstantyn de Grutte (307 - 337) makke foar altyd in ein oan de Praetoriaanske garde.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Literatuer:
|