Springe nei ynhâld

Kampus

Ut Wikipedy
De ferzje fan 20 jul 2019 om 22.18 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (nije side)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
In diel fan 'e kampus fan 'e Universiteit Twinte.

In kampus (meartal: kampussen; fan it Latynske campus, "fjild") is it terrein dêr't in universiteit of hegeskoalle fêstige is. In moderne kampus is in samling gebouwen dêr't de kolleezjesealen, bibleteken, kantoaren en laboratoaria fan sa'n ûnderwiisynstelling steane, mar ek wenten en oare foarsjennings foar sawol studinten as dosinten, faak mei noch in oansjenlik stik iepen grûn derby of dertuskenyn, dêr't yn in parkeftige setting rekreëarre wurde kin.

It konsept fan 'e kampus, wêrby't alle gebouwen dy't ta in universiteit of hegeskoalle hearre, byinoar op ien, foar bûtensteanders net tagonklik terrein boud wurde, ûntstie yn 'e Feriene Steaten. Dêr waarden nije, partikuliere universiteiten almeast op in skonken stik grûn bûten de stêd boud. Yn Jeropa, dêr't universiteiten fan âlds midden yn 'e beboude kom fan in stêd stiene, wie soks net mooglik. De term 'kampus' waard foar it earst yn 'e 1770-er jierren brûkt yn ferbân mei it terrein fan 'e Universiteit fan Princeton, yn Nij-Jersey. Sûnt dy tiid hawwe alle Amerikaanske universiteiten in eigen kampus krigen, soms mear as ien. Guon fan sokke kampussen binne neitiid folslein omjûn rekke troch groeiende stêden, lykas it gefal is mei de Columbia Universiteit yn New York.

Yn Nederlân binne de measte âldere universiteiten noch altyd yn it sintrum fan in stêd fêstige, dêr't se faak fersnippere binne oer in oansjenlik tal fersprate gebouwen. Soms is der oan 'e râne fan 'e stêd in kampus boud foar in beskaat stúdzjerjochting. Sa hat de Ryksuniversiteit Grins oan 'e noardkant fan 'e stêd it Zernickekompleks bouwe litten, dêr't de eksakte stúdzjerjochtings fêstige binne. Stúdzjerjochtings as skiednis, ekonomy en de ferskate taalkundige rjochtings binne lykwols noch altyd yn in rige gebouwen fêstige dy't oer it hiele sintrum fan Grins ferspraat steane. De iennichste 'echte' kampusuniversiteiten fan Nederlân binne, net tafallich, ek de jongste universiteiten: de Technyske Universiteit Eindhoven, oprjochte yn 1956, en de Universiteit Twinte, oprjochte yn 1961.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.