Springe nei ynhâld

Jan Houtman

Ut Wikipedy
Fersetsgroep Dalfsen Ommen Lemelerveld mei Jan Houtman rjochtsfoar

Jan Houtman (Zuidbroek, 7 juny 1917Hoonhorst, 17 novimber 1944) wie in Nederlânsk fersetsstrider, dy't yn de Twadde Wrâldoarloch fermoarde waard.

Fersetsman

Houtman wie lid fan de troch Jan Seigers út Ommen late knokploech en koördinearre en fierde ferskate fersetsaktiviteiten út. Jan Houtman wie ek aktyf yn de yllegale parse by it blêd 'De Berichtgever' dat er yn juny 1944 mei syn sweager H. H. Hemminga en in Joadske ûnderdûker makke. Op 30 juny moast er ûnderdûke. Hy stoar op 17 novimber 1944, doe't er deasketten waard troch de Nederlânske Waffen-SS'er Herbertus Bikker, de beul fan Ommen, op de buorkerij fan de famylje Klink yn Hoonhorst ûnder Dalfsen. Hy wie dêr dwaande mei it tarieden fan wapensmokkel. Bikker hat in libbenlang útholden dat er út needwar hannele hie. Houtman waard in pear dagen nei de moard beïerdige yn Ommen.

De dea fan Houtman waard ferneamd troch it fannijs iepene proses tsjin Bikker yn 2003. Hy waard yn 1949 ta de dea feroardiele en nei in harksitting yn heger berop feroardiele ta libbenslange finzenisstraf. Yn 1952 wist er te ûntkommen út de finzenis en nei de Bûnsrepublyk Dútslân te flechten, dêr't er hast ûnbehindere wenje koe. Nei't er yn in ynterview mei ferslachjouwers fan it tydskrift Stern opsnijde oer de moard op Houtman, begûn it ûndersyk.

Proses Landgericht Hagen

De omstannichheden fan de moard op Jan Houtman binne yn oktober 2003 dúdlik wurden troch ferskate tsjûgeferklearringen foar it regionale gerjochtshof fan Hagen. Neffens it ferslach hiene de Ingelsen wapens foar it ferset dropt yn de bosken om Dalfsen. Houtman woe tegearre mei in freon in auto liene om dy wapens te ferfieren doe't trije Kontrolle Kommandos út Kamp Erika, ferskynde, ien dêrfan wie Bikker. De freonen giene doe elk in oare kant út; Houtman waard efter sitten en arrestearre troch Bikker. Houtman besocht op 'en nij te ûntkommen nei de pleats dêr't de doe 22 jier âlde tsjûge Annie Bosch-Klink mei har âlden wenne. Der waard op him sketten en hy rekke ferwûne. Oare tsjûgen ferklearren dat Bikker de man, dy't al ferwûne op de grûn lei, deasketten hat. Doe hearden se him sizzen: 'Hast de no genôch fan? Do komst net mear oerein. No bist echt dea'.

Der is gjin útspraak dien. It proses tsjin Bikker is ein 2004 tydlik ûnderbrutsen fanwegen fysyk ûnfermogen fan de fertochte om heard te wurden. Bikker ferstoar yn 2008.

Scouting

Op it scoutingterrein te Ommen, de Gilwell Ada's Hoeve, is in part fan in fjild yn 2001 ferneamd nei Houtman: de Jan Houtmanhoek op it Laarmansfjild. De scoutinggroep de D'Alflandgroep út buorplak Dalfsen, dy't dat stik fan it terrein ûnderhâldt, hat in ôfdieling Jan Houtmanstam.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dit artikel is foar in part oerset fan nl: en fan de:.