Helga Deen
Helga Deen (Stettin (Dútslân), 6 april 1925 – Sobibór (Poalen), 16 july 1943) wie in Dútsk-Nederlânske famke fan Joadsk komôf dy't yn har finzenskip yn Kamp Vught yn 1943 in moanneskoft in deiboek byhâlde foar har feint Kees van den Berg.
Libben
Helga's famylje flechte foar de nazys nei Nederlân. Yn Tilburch gie hja nei de Ryks-HBS. Har mem stipelearre har kultuerele ûntjouwing; Helga spile piano en koe goed tekenje. Sy rekke fereale op de jonge keunstskilder Kees van den Berg.
Nei't de famylje Deen yn febrewaris 1943 út harren hûs set wie, omdat it tawiisd waard oan in ynspekteur fan plysje, waarden hja op 1 april ynternearre yn Kamp Vught. Helga har mem hat dêr in skoft dokter west en wie frijsteld fan transport, mar woe perfoast mei yn july doe't de oaren oerbrocht waarden, fia Kamp Westerbork, nei it ferneatigingskamp yn Sobibór, dêr't se op 16 july fermoarde waarden: Helga, har âlden Willy Deen en Käthe Deen-Wolff, en har broer Klaus Gottfried A. Deen.
It deiboek, yn in skoalskrift, wie rjochte oan Kees van den Berg en waard nei har deportaasje it kamp útsmokkele. Kees hold it syn libben lang geheim. Sels stjoerde er oant nei de oarloch brieven oan Helga, mar dy waarden hieltyd weromstjoerd. Helga's deiboek waard earst op 19 oktober 2004 troch Kees van den Berg syn soan Conrad oanbean oan it Regionaal Argyf yn Tilburg.
Op 12 maart 2007 is it deiboek printe en útbrocht (útjouwerij Balans).
Neitins
Der is in betinkingsstien foar de famylje Deen set oan de wei nei de gaskeamers (Himelstrasse) yn Sobibór yn april 2007. It terrein yn Tilburch dêr't ea it postkantoar stie, njonken de synagoge, is troch de gemeente fannijs ferneamd ta Helga Deen-tún.
Publikaasje
- Helga Deen: Dit is om nooit meer te vergeten. Dagboek en brieven van Helga Deen 1943, Balans 2007. 159 siden, ISBN 978-9050188418
Sjoch ek
Keppelings om utens
- Side oer de famylje Deen op de side fan it Regionaal Argyf Tilburg
- Offisjele webside oer Helga Deen
- Helga Deen op Digitaal Monument Joodse Gemeenschap in Nederland
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
- Dútsk deiboekskriuwer
- Dútsk flechtling
- Dútsk misdieslachtoffer
- Nederlânsk deiboekskriuwer
- Nederlânsk misdieslachtoffer
- Holokaustslachtoffer
- Persoan omkommen yn Sobibór
- Dútsk persoan fan Joadsk komôf
- Nederlânsk persoan fan Joadsk komôf
- Nederlânsk persoan fan Dútsk-Joadsk komôf
- Persoan berne yn 1925
- Persoan stoarn yn 1943