New Rumley (Ohio)
Appearance
New Rumley is in unincorporated community yn sintraal Rumley Township, Harrison County, Ohio yn de Feriene Steaten. It is ferneamd as berteplak fan generaal George Armstrong Custer.
It Custer Memorial, in ûntwerp fan Erwin Frey, leit oan de Ohio State Route 646 oan Rumley's westkant. It monumint stiet op it plak fan Custers bertehûs dêr't allinne de fûneminten fan oer binne.[1] It monumint wurdt ûnderhâlden troch de Ohio Historical Society.
Hoewol't New Rumley in gemeentefrij gebiet is hat it wol in postkantoar fan 1820 oant 2013.[2] It leit net fier fan de plakken Scio en Jewett.
New Rumley waard kadastraal registrearre yn 1813.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|