Springe nei ynhâld

Georg Wolfgang thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg

Ut Wikipedy
De ferzje fan 7 mrt 2019 om 18.51 troch Frou Watzema (oerlis | bydragen) (sjoch ek)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

Georg Wolfgang thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg (1690 - Ljouwert, 28 desimber 1738) wie de soan fan Wilco Holdinga en fan Fed Sophia fan Goslinga. Doe't er sân jier wie waard hy op 30 oktober 1697 oansteld as tonneboeier foar de provinsje Fryslân, mar wiksele dat amt mei dat fan grytman fan Barradiel dêr't syn heit op 8 febrewaris 1703 ôfstân fan die. Hy krige lykwols fergunning om syn gritenij waarnimme te litten en te begjinnen oan syn stúdzje.

Op 11 jannewaris 1713 waard hy grytman fan Dantumadiel, op 8 desimber 1729 fan Menameradiel en op 12 febrewaris 1737 waard hy beneamd ta deputearre foar Westergoa. Hy hie sitting yn hast alle hege kolleezjes.

Boaske yn Voorburg op 10 april 1729 mei Françoise Wlson de St. Maurice (Ljouwert, 10 septimber 1705 - dêre 3 juny 1780, dochter fan François en fan Susanna fan Leyden fan Leeuwen. Ut dit houlik kamen ien soan, George Frederik en fjouwer dochters.

Syn portret mei frou en bern, skildere troch in ûnbekend keunstner, wie by douairiêre baronesse thoe Schwarzenberg en Hohenlansberg te Darmstadt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: