Springe nei ynhâld

Ofke Grijph

Ut Wikipedy
De ferzje fan 13 feb 2019 om 14.32 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

Ofke Grijph (ek: Onopherus Grijph († Hardenberg, 1580) wie grytman fan Utingeradiel fan 1575-1578.

Ofke Grijph wie de âldste soan fan Andrys Grijph dy't fan 1570 ôf grytman fan Utingeradiel west hie. Andrys waard op 20 april 1574 troch Caspar de Robles 1574 ta substitút-grytman oanwiisd yn de tiid dat syn heit finzen siet. Ofke waard yn 1580 foar it rjocht dage om syn flecht út te lizzen mar hy ferskynde net. Hy sneuvele datselde jier yn de Slach op de Hardenbergerheide.[1] Hy waard mei de oare slachtoffers begroeven by de tsjerke fan Hardenberg. Yn 1578 waard hy as grytman opfolge troch Feijcke Tetmans. Ofke wie troud mei Jets Pitersdochter. Harren soan Erasmus ferstoar foar syn mem. Ofke Grijph wenne nei alle gedachten yn Aldeboarn.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Jhr. Mr. H. Baerdt van Sminia, Mr. A.J. Andrae Aaantekeningen en registerNalezing op de Nieuwe Naamlijst van Grietmannen Aanteekeningen 'en Register. Meijer & Schaafsma (1893).
  • Oer de famyljenamme Grijph

  1. Oer de Slach op de Hardenbergerheide
  2. R.rek. 1574-'75. Commissieboek. Suffr. Petrus,(t.a. pi.) 184. Oantekeningen fan E.M. v. B. Sjarterboek. IV, 192