Springe nei ynhâld

Kommissaris (plysjerang)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 29 des 2018 om 23.57 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (nije side)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
It ynsynje fan in kommissaris fan 'e (Nederlânske) Nasjonale Plysje.

Kommissaris (fan it Latynske commissionarius), ek: plysjekommissaris of kommissaris fan plysje, is in (almeast) hege rang yn in plysje-organisaasje. Dy rang komt foar by de plysje fan in grut tal lannen, wêrûnder Nederlân en Belgje. Yn Nederlân is in kommissaris in plysjebeämte dy't lieding jout oan in regionaal korps of immen mei in spesjalisearre, liedingjaande rol binnen de plysje-organisaasje (lykas in beliedsfunksje). In kommissaris is yn Nederlân in rang leger as haadkommissaris en in rang heger as haadynspekteur.

Yn oare lannen is in kommissaris net altyd fan ferlykbere rang. Yn Angelsaksyske lannen, lykas de Feriene Steaten en it Feriene Keninkryk, stiet in police commissioner bygelyks oan it haad fan 'e hiele plysje-organisaasje (ferlykber mei in Nederlânske haadkommissaris). En yn Dútslân is in Polizeikommissar krekt in rang yn it middenkader, dy't te ferlykjen is mei in Nederlânske ynspekteur fan plysje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.