Carien Kleibeuker
Carien Kleibeuker | ||
sporter | ||
Carien Kleibeuker, Kolomna 2016 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bertedatum | 12 maart 1978 | |
berteplak | Rotterdam | |
lingte | 1,72 m | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Reedriden | |
ûnderdiel | Langebaan - Maratonriden | |
O.S. | Turyn 2006 - Sotsjy 2014 | |
debút | 1999 |
Carien Kleibeuker (Rotterdam, 12 maart 1978) is in Nederlânsk hurdrydster. Se is spesjalisearre op de lange ôfstannen, benammen de 5000 meter. Op de 10.000 meter hat se (2007) it Thialf-baanrekord: 14.39,76, mear as in heale sekonde stadiger as it nasjonale rekord fan Carla Zijlstra út 1997: 14.39,22.
Biografy
Op ferskate toernoaien wist Kleibeuker sa no en dan de nasjonale top en dêrnei ek de Europeeske en wrâldtop te berikken. By de Nederlânske kampioenskippen per ôfstân yn Dimter yn 2000 helle Kleibeuker har oant dan ta ienige medaljle op in grut toernoai, se einige as tredde op de 5000 meter.
Seizoen 2005/2006
Nei dizze prestaasje waard der net folle mear oer har fernom as it om opfallende prestaasjes gie. Oant se op 9 desimber 2005 op deselde 5000 meter winnaresse waard fan de B-groep by de World Cup. Hjirtroch krige se in nominaasje yn de oanrin nei de Olympyske Winterspullen 2006 yn Turyn. Om wis te wêzen fan kwalifikaasje moast Kleibeuker by de NK ôfstannen op It Hearrenfean by de earste trije einigje.
By dy NK ôfstannen 2006 (holden op 30 desimber 2005) slagge Kleibeuker yn har misje. Se einige net allinnich yn de top trije, mar wist de ôfstân winnend ôf te sluten. Allinnich Renate Groenewold, Gretha Smit en Moniek Kleinsman dy’t efterinoar twadde, tredde en fjirde waarden kamen noch wat yn de buert. Foar Groenewold en Smit levere dizze prestaasje teffens kwalifikaasje op, mar Moniek Kleinsman moast it dwaan mei har startbewiis op de 3000 meter dat se in pear dagen earder ôftwong.
Op de Olympyske Winterspullen 2006 helle se it 10e plak op de 5000 meter.
Nei in troch oertrening teloarstellend seizoen 2006/2007 makke Carien Kleibeuker op 31 july 2007 bekend te stopjen mei riden. Se ruile de iisbaan yn foar in karriêre as fysiotherapeute. Yn 2010 kaam Kleibeuker werom op it iis.
Persoanlike records
Ofstân | Tiid | Datum | Baan |
---|---|---|---|
500 | 43,43 | 15 maart 2001 | Olympic Oval Calgary |
1000 | 1.24,41 | 6 febrewaris 1999 | Baselga |
1500 | 2.03,28 | 16 maart 2001 | Olympic Oval Calgary |
3000 | 4.08,00 | 27 desimber 2013 | Thialf Hearrenfean |
5000 | 6.57,30 | 30 desimber 2013 | Thialf Hearrenfean |
10000 | 14.39,76 | 24 maart 2006 | Thialf Hearrenfean |
Resultaten
jier | NK Ofstannen |
WK Ofstannen |
Olympyske Spullen |
---|---|---|---|
2000 | 5000m | 4e 5000m | |
2001-2004 | |||
2005 | 11e 3000 5e 5000m |
||
2006 | 9e 3000 5000m |
10e 5000m | |
2007 | 10e 3000m 5000m |
||
2014 | 10e 3000m 5000m |