Springe nei ynhâld

Kaaifeart

Ut Wikipedy
De ferzje fan 13 okt 2018 om 08.37 troch Frou Watzema (oerlis | bydragen) (gw)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

De Kaaifeart (Biltsk en offisjeel: Kaaifaart; Nederlânsk: Kadijkstervaart) is in feart yn de gemeente De Waadhoeke. It kanaal rint tusken Aldebiltsyl en Nijebiltsyl. De feart rint njonken de Van Albadawei en is de skiedsleat tusken Mûontsebiltpolder en de Eastpolder.

De namme Kaaifeart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Kadijkstervaart.