Springe nei ynhâld

Wearjild

Ut Wikipedy
De ferzje fan 5 sep 2018 om 20.53 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

Wearjild of werjild (ek manjild, soenjild, mar net "warjild", want it komt fan deselde oarsprong as "wearwolf", ntl. fan in âld wurd foar man; ferlykje it Latynske wurd vir) wie neffens de Germaanske rjochtsboarnen de wearde fan in man yn jild. De hichte fan it warjild wie ôfhinklik fan de stân fan de man.

By ûnkwalifisearde deaslach moast de dieder it folle warjild fan it slachtoffer fergoedzje, by minder swiere misdriuwen in evenredich diel en by swierdere misdriuwen in mearfâld. It warjild moast betelle wurde oan it slachtoffer of dyns sibbe. Njonken it warjild moast de dieder fredesjild betelle oan de kening om de oantaasting fan de iepenbiere frede goed te meitsjen.