Oerlis:Wearjild
Wearjild
[boarne bewurkje]Oebele Vries brûket yn syn boek "Asega, is het dingtijd" it wurd "wearjild" in syn Fryske oersettingen fan de Aldfryske rjochtsteksten. It wurd warjild/werjild/wearjild stiet lykwols net yn it Frysk Wurdboek Frysk-Nederlânsk fan J.W. Zantema. Folgen wy Oebele Vries of litte wy it by "warjild"? --Bouwe Brouwer 7 jan 2008, 19.54 (CET)
Yn de Leeuwarder Courant fan 8 juny 2007 (Freed, side 20) skriuwt Karel F. Gildemacher yn it artikel Werjild oer de stavering fan wearjild. Neffens Gildemacher is de korrekte stavering werjild en net wearjild. Gildemacher skriuwt:
"Yn it Frysk hjit dat bedrach werjild. It earste stikje dêrfan hinget gear mei in âld wurd foar ‘man’, Latynsk vir. Dat sadwaande. Dizze wittenskip tankje ik oan perf. Buma silger en hy hie gelyk. En dat selde wurd sit ek yn werwolf, learden wy yndertiid by MU-B, wylst Buma foar de klasse in lange Willem siet te smoken. ,,Yn it Frysk”, spriek er, ,,kin dat wer, oars as yn it Hollâns, gjin wear wurde, heechút war”. Skande, ek yn sa’n prachtich boek as ‘Asega is het dingtijd?’ is foar dy ferhollânske fariant keazen (wit hoe faak). Wearjild, harrejakkus, dêr wurdt it Frysk gjin eare mei ynlein."
Neffens J.W. Zantema, Frysk Wurdboek Frysk-Nederlânsk, Ljouwert 1992 is it fryske wurd foar nl:Weerwolf wearwolf. It Fryske wurd foar nl:Weergeld soe dan wearjild wêze moatte. --Bouwe Brouwer 19 jan 2008, 19.20 (CET)