Springe nei ynhâld

Besikerssintrum De Alde Feanen

Ut Wikipedy
De ferzje fan 29 jun 2018 om 21.00 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

Besikerssintrum De Alde Feanen is in ûnderdiel fan Nasjonaal Park De Alde Feanen.

It sit yn de Wiidpleats yn Earnewâld. Yn dit yn 2009 offisjeel iepene sintrum sit ek it Frysk Lânboumuseum mei in Lânboueksposysje en restaurant De Bûtenpleats. Ek it bûnsburo fan de Fryske Fûgelwachten en it Wiidpleatsteater hawwe hjir ûnderdak fûn. Der wurdt foarljochting en edukaasje oer natoer, lânbou en lânskip jûn.

De tarieding begûn al yn 2001 doe't De Alde Feanen de status fan Nasjonaal Park 'yn oprjochting' krige. Doe't it fallite bungalowpark Bûtenpleats It Wiid frij kaam, kocht It Fryske Gea dizze lokaasje mei in oerflak fan 3,5 hektare.

Op rinôfstân lizze de natoergebieten de Pettebosk, Lytse Mar en Jan Durkspolder.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: