Springe nei ynhâld

Abe de Vries (reedrider)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 17 apr 2018 om 21.29 troch Drewes (oerlis | bydragen)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Abe de Vries
Abe de Vries (l.) en Sipke Castelein

Abe de Vries (De Knipe, 11 april 1907 - Schiedam, 16 desimber 1995) wie yn 1933 winner fan de Alvestêdetocht.

Abe de Vries, waard berne yn 1907 as Abe Sjoerd de Vries. Hy buorke yn Dronryp.

Op 16 desimber 1933 die er mei oan de Alvestêdetocht. Hy sette letter út ein as de oare riders om't er noch mei immen yn petear wie doe't de wedstriid al begûn, mar hy koe lykwols de kop fan de wedstriid rillegau bykomme. Tegearre mei Sipke Castelein riid er wei by de oaren. Twaresom riden sy de rest fan de tocht, en sy praten ôf dat hja ek twaresom oer de streep ride soenen.

Abe seach lykwols de einstreek net, om't dy net mear as in skras yn it iis wie, dat sy gongen der efterelkoar oerhinne. Nuver genôch jouwe guon boarnen Castelein op dat stuit as foaropman, wylst in oaren De Vries as foaropman neame. Yn alle gefallen waarden nei oanlieding fan de ôfspraak beiden ta winner útroppen. De wedstriid hie 173 dielnimmers dêr't 160 fan it folbrochten.

De Vries hat noch fjouwer kear meidien en einige alle kearen by de earste tsien:

  • 1933 - 1
  • 1940 - 9
  • 1941 - 5
  • 1942 - 7
  • 1947 - 9

Yn 1947 waard er njoggende, mar om't der seis riders foar him útsletten waarden, wûn er dy kear de tredde priis.

Abe de Vries ferfarre letter nei Skiedaam, dêr't er yn desimber 1995 ferstoar, 88 jier âld.