Springe nei ynhâld

Aaistôkkanker

Ut Wikipedy
De ferzje fan 23 mrt 2018 om 14.07 troch Rob. Staversma (oerlis | bydragen) (Rob. Staversma moved page Aaistokkanker to Aaistôkkanker: sjoch oerlis)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
    Tink derom dat de Wikipedy gjin medyske konsultaasje jout!
Aaistôkkanker

Aaistôkkanker is kanker fan de aaistokken. Hjirby sit der yn de aaistokken in swolm.

Aaistôkkanker komt net in hiel soad foar, mar is wol tige deadlik. Yn 2000 kamen der yn Nederlân 1.100 nije pasjinten mei aaistôkkanker foar. Dêrfan sille der goed 900 te ferstjerren komme. Aaistôkkanker is dêrmei dan ek de grutste deadsoarsaak fan alle froulike gynekologyske kankersoarten.

Aaistôkkanker is in sykte dy't foaral foarkomt by âldere froulju. Froulju dy't de menopauze al hân ha en âlder binne as 60 jier hawwe de measte kâns op dizze foarm fan kanker.

Der binne in tal risikofaktoren (saken wêrtroch de ien mear kâns hat op it krijen fan in sykte as in oar dy't dy saken net hat.). De wichtichste kinne ferdield wurde yn saken dy't te krijen ha mei at der aaisstôkkanker yn 'e famylje foarkomt en at der bepaalde genetyske ôfwikings binne.

Wannear't aaistôkkanker of boarstkanker by twa of mear earstegraads famyljeleden (mem, suster) foarkomt, is de kâns op aaistôkkanker grutter. Datselde jildt at der mutaasjes fan it BRCA1- en BRCA2-gen bestiet by in frou. Dy froulju ha in ferhege kâns op it krijen fan aaistôk- en boarstkanker. Dêrneist binne der famyljes dy't erflik belêste binne mei in hegere kâns op it krijen fan kanker yn 't mage-termstelsel en de aaistokken. Dat wurdt HNPCC neamd, nei it Ingelske Ing:HNPCC= Hereditary Non-Polyposis Colon Carcinoma.

Neist dy risikofaktoren binne der ek noch in tal dy't net erflik bepaald binne. It blykt dat froulju dy't langer as 3 jier 'de pil' brûkt hawwe en dy't mear as ien bern hân hawwe, foaral foar it 25e libbensjier, in lytsere kâns hawwe op aaistôkkanker. Oarsom hawwe froulju dy't gjin bern hân ha of bern hawwe nei it 35e libbensjier in gruttere kâns. Dat alles hat te krijen mei it tal aaisprongen, hoe minder aaisprongen, hoe better.

Fan oare faktoaren is it minder dúdlik oft de kâns der troch tanimt. It liket dat troch it gebrûk fan talkpoeier yn it faginagebiet, it smoken, it drankgebrûk en troch fet iten de kâns op aaistôkkanker ek tanimt.

In frou fielt yn it begjin hast net dat se siik is. Ear't der symptomen ûntsteane is de sykte al safier tanommen dat de kâns op better wurden hiel lyts is. Aaistôkkanker wurdt dêrom yn it Ingelsk wol the Silent Lady Killer (de Stille Frouljusdeader) neamd. Klachten ûntsteane at de swolm bûten de aaistokken groeit nei de liifmoer en terms. Ek kin de kanker him troch it bloed (útsieddings) en lymfebanen ferspriede troch it hiele lichem. Trochdat de swolm op de termen drukke kin, binne de klachten dy't ûntstean faak wat ûndúdlike termklachten, bygelyks gau in fol gefoel, gjin sin yn iten, mislik en muoite mei of krekt faker poepe. Mar omdat de kankersellen fia it bloed ek yn de longen en lever komme kinne, kinne hjir ek klachten ûntstean.

Aaistôkkanker is in tige deadlike foarm fan kanker. It is dêrom tige wichtich dat de dokters goed yn kaart brocht hawwe hoe fier at de kanker is, dat wol sizze hoe grut de kanker is en wêr't it allegear presys sit. Sit it allinnich noch mar yn 'e aaistokken of is it al grutter, is it dan nei de termen groeid of fia it bloed nei de longen streamd?

Om dat alles dúdlik te krijen wurde froulju dêr't fan tocht wurdt dat hja aaistôkkanker hawwe operearre. Meastal wurdt der in laparotomy-operaasje dien, dêr't de bûk by iepenhelle wurdt om sa in goed byld te krijen fan de bûkynhâld. Oan de hân fan it FIGO-stadiumsysteem (Ingelsk: International Federation of Gynecological Oncologists) wurdt dan bepaald yn hokker stadium de kanker is. It stadium seit nammentlik in protte oer wat foar behanneling plakfine moat en wat de kânsen binne op better wurden.

Ear't der operearre wurdt, wurdt der bloed ôfnommen om Ca-125 te mjitten, dat in kankerspoar is (in stof yn it bloed dy't oanjout at der wol of net kanker oanwêzich is). Dêrneist wurdt der in echogram fan de swolm makke.

FIGO-stadiumsysteem

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It FIGO-stadiumsysteem jout in yndieling yn stadiums. Dat wurdt dien op basis fan de fersprieding fan de kanker: at dy yn ien of twa aaistokken sit of dat hy fierder groeid is. Hjirûnder stiet it FIGO-skema dat sûnt 1987 yn gebrûk is.

  • I - Kanker is beheind ta de aaistokken
    • A - Ien aaistôk is oantaaste, der is gjin bûkfocht, it swolmkapsel is hiel, gjin swolmweefsel bûten it kapsel.
    • B - Twa aaistokken binne oantaaste en der is gjin bûkfocht, swolmkapsel is hiel, gjin swolmweefsel bûten it kapsel.
    • C - Ien of twa aaistokken binne oantaaste en der is wol bûkfocht of it swolmkapsel is stikken of der is kanker bûten it kapsel of by de operaasje wurde der kwea-aardige sellen yn de bûkholte fûn.
  • II - Trochgroei fan de kanker bûten de aaistokken
    • A - Trochgroei oan liifmoer of aailieder.
    • B - Trochgroei nei oare struktueren yn it lytse bekken.
    • C - Stadium IIA of IIB mei bûkfocht of stikken swolmkapsel of swolm bûten it kapsel of by de operaasje wurde der kwea-aardige sellen yn de bûkholte fûn.
  • III - Trochgroei fan de kanker bûten it lytse bekken
    • A - Mikroskopysk-lytse trochgroei, mar gjin kanker yn retroperitonale lymfeklieren.
    • B - Trochgroei lytser as 2 sm en gjin kanker yn retroperitonale lymfeklieren.
    • C - Trochgroei grutter as 2 sm of wol kanker yn retroperitoneale lymfeklieren.
  • IV - Trochgroei bûten de bûkholte, bygelyks nei de longen of lever.


Neidat it fêststellen fan it stadium dien is, wurdt oan de hân dêrfan de behanneling bepaald. Yn de measte gefallen betsjut dat dat beide aaistokken, beide aailieders en de liifmoer derwei helle wurde. Fierders wurde dan ek faak omlizzende oantaaste organen meinommen. It giet dan om in part fan de term en om de bûkskelk, omdat dêryn faak útsieddings sitte fan de kanker. Dat type operaasje, wêrby't safolle mooglik kanker derwei helle wurdt, hjit in debulking (Ingelsk: ûntfolumearring). Allinnich by froulju dy't noch in bernewinsk hawwe, en dêr't de swolm lyts is en noch net trochgroeit is nei oare organen (FIGO Ia), bliuwt de operaasje beheind ta ien aaistôk en ien aailieder. Dy froulju bliuwe wol ûnder kontrôle by de gynekolooch omdat de kâns op it krijen fan aaistôkkanker hjirtroch al heger is.

Neist dy operaasje is der faak gemoterapy nedich. Allinnich froulju wêrby alle kanker fuort helle is by de operaasje of wêrby de restswolm lytser is as 2 sm en it stadium leech is, hoege gjin gemoterapy. Yn de measte gefallen wurdt der wol gemoterapy dien. Begûn wurdt mei seis kear, om de trije wike, in kuer te jaan dêr't yn alle gefallen in platina-stof yn sit. Earste kar is carboplatine yn kombinaasje mei paclitaxel. Oare kombinaasjes mei bygelyks cisplatina en cyclofosfamide binne ek mooglik, mar fanwege ferfelender bywurkings is dit net mear de earste kar.

Ek al binne der goeie reaksjes op dy medisinen, it komt dochs hiel faak foar dat de kanker wer de kop opstekt en dat der wer in nije operaasje en gemoterapy nedich binne. At in frou binnen 6 maand nei gemoterapy op 'e nij kanker krijt, kin se net wer behannele wurde mei carboplatine of cisplatine. De swolm is resistint foar dizze medisinen. Der wurdt dan oergien op oare medisinen, bygelyks op 'e nij paclitaxel, taxolol of topotecan. Dit kin him in oantal kear werhelje; der kin dus meardere kearen begûn wurde mei in nije kuer.

Omdat de kâns op folslein genêzen lyts is, is de behanneling rjochte op palliaasje.

Nettsjinsteande dat der ferbetterings binne yn de behanneling en dêrmei de prognoaze better wurdt, bliuwt de kâns op folslein genêzen lyts. De lêste jierren is der al ferbettering yn de prognoaze. Wie it fiif-jiers oerlibjen foar alle aaistôkkanker yn 1990 noch 41,6%, yn 2001 wie dat 49,7%. De minste prognoaze hawwe froulju mei let stadium aaistôkkanker. De kâns fan fiif-jiers oerlibjen sakket dramatysk foar stadium IIIa nei stadium IV fan 46,7% nei 18,6%. Pasjinten mei betide aaistôkkanker (FIGO I-IIa) hawwe in folle bettere prognoaze. Harren kânsen fan oerlibjen lizze tusken de 70% en 90%.

  • O. Visser - Incidence of cancer in the Netherlands 1999/2000. Utrecht:Vereniging van Integrale Kankercentra, 2003.
  • S.A. Cannistra - Cancer of the ovary. N Engl J Med. 1993;329:1550-1559.
  • A.E. Guppy, P.D.Nathan, G.J. Rustin - Epithelial ovarian cancer: a review of current management. Clin Oncol (R Coll Radiol).2005;17:399-411.
  • M.J. Heineman, O.P. Bleker, J.L.H. Evers en oaren - Oncologie. Obstetrie en gynaecologie; De voortplanting van de mens. Elsevier Gezondheidszorg. 2001:636-643.
  • A.P.M. Heintz, F. Odicino, Maissoneuve en oaren - Carcinoma of the ovary. Int.J.Gynaecol.Obstet. 2006;95 Suppl 1:161-192.