Springe nei ynhâld

W. Richard West jr.

Ut Wikipedy
De ferzje fan 12 jan 2018 om 18.15 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Priveelibben: kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
W. Richard West jr.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Walter Richard West jr.
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 6 jannewaris 1943
berteplak San Bernardino (Kalifornje)
etnisiteit Súdlik Sjajinsk
Skotsk
wurkpaad
berop/amt abbekaat, museumdirekteur
aktyf as aktivist
jierren aktyf 1971 – no

W. Richard West jr. (folút: Walter Richard West jr.; ropnamme: Rick; San Bernardino (Kalifornje), 6 jannewaris 1943) is in Amerikaansk abbekaat, museumdirekteur en aktivist fan mingd Skotsk-Sjajinsk etnysk komôf. Hy wie de earste direkteur fan it Nasjonaal Museum fan de Amerikaanske Yndiaan, in ûnderdiel fan it Smithsonian Ynstitút. Fierders set West him yn foar de Yndiaanske mienskip yn 'e Feriene Steaten op kultureel, keunstsinnich, ûnderwiiskundich, wetlik en bestjoerskundich mêd.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

West waard yn 1943 berne yn San Bernardino, yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje, mar groeide op yn in blokhutte yn Muskogee, yn Oklahoma. Hy is de soan fan W. Richard West sr., in foaroansteand keunstskilder en tekenlearaar fan Súdlik Sjajinsk komôf, en Maribelle McCrea, dochter fan in baptistyske predikant en ôfstammelinge fan Skotske ymmigranten. West is lid fan 'e Sjajinne en Arapaho Stamme fan Oklahoma.

West studearre yn 1965 magna cum laude ôf yn Amerikaanske skiednis oan 'e Universiteit fan Redlands, yn Kalifornje. Neitiid learde er fierder oan 'e prestizjeuze Universiteit fan Harvard, yn Cambridge, yn 'e steat Massachusetts, dêr't er yn 1968 yn deselde stúdzjerjochting in masterstitel behelle. Yn 1971 studearre West boppedat oan 'e Universiteit fan Stanford, yn Kalifornje, ôf as master yn 'e rjochten. Under syn rjochtestúdzje tsjinne er ek as redakteur fan 'e ferneamde Stanford Law Review.

Yn 'e 1970-er jierren wie West as abbekaat wurksum yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C., by it abbekatekantoar Fried, Frank, Harris, Shriver & Jacobson. Letter stapte er oer nei en waard er partner yn it Yndiaanske abbekatekantoar Gover, Stetson, Williams & West, yn Albuquerque yn Nij-Meksiko. As abbekaat waard West yn 'e earm nommen troch in grut ferskaat oan Yndiaanske stammen en oare organisaasjes, en prosedearre er foar tribale, steats- en federale rjochtbanken en gerjochtshôven.

Yn 2004 waard West oansteld as de earste direkteur fan it Nasjonaal Museum fan de Amerikaanske Yndiaan, in ûnderdiel fan it ferneamde Smithsonian Ynstitút, yn Washington, D.C. Doe't er dêr yn 2007 wei gie, ûntstie der in skandaal nei't de krante de Washington Post in artikel wijd hie oan West syn útwrydske reiskostefergoeding yn syn tiid as museumdirekteur, en teffens oan syn raar djoere ôfskiedsgala. Neffens West wiene alle troch him opfierde reiskosten foar sakereizen en hie it bestjoer fan it Smithsonian de fergoeding goedkard. Nei't de ynspekteur-generaal fan it Smithsonian, A. Sprightley Ryan, dizze kwestje op fersyk fan it Amerikaanske Kongres ûndersocht hie, kaam dy yn 2008 ta de konklúzje dat West neat strafbers dien hie, mar dat er oardielkundiger hannelje kinnen hie. West waard doe frege en stimde deryn ta om it Smithsonian $9.700 werom te beteljen.

Fan 2007 oant 2010 tsjinne West as de fise-foarsitter fan 'e Ynternasjonale Ried fan Museä. Yn 2011 waard er oansteld as de ynterim-direkteur fan it Amerikaansk Tekstylmuseum yn Washington D.C. Sûnt datselde jier hat er ek sit yn 'e ried fan bestjoer fan 'e Yndiaanske Native Arts and Cultures Foundation. Yn 2012 waard West troch de Feriening fan Tribale Argiven, Bibleteken & Museä (ATALM) de Guardians of Culture and Lifeways International Award takend. Datselde jiers waard er de presidint-direkteur fan it Autry National Center of the American West, in museum yn Los Angeles dat wijd is oan it Wylde Westen. Fierders hat West as opperhaad fan 'e Sjajinne en Arapaho Stamme fan Oklahoma ek sit yn 'e Ried fan Fjouwerenfjirtich.

West is troud mei Mary Beth Braden, mei wa't er yn 'e kunde kaam doe't se beide oan 'e Universiteit fan Stanford studearren. Braden is heechleararesse politikology oan 'e Nasjonale Definsje Universiteit fan 'e Amerikaanske Striidkrêften. West en Braden hawwe twa (no folwoeksen) bern, Amy en Ben.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.