Springe nei ynhâld

Lourens Alma-Tadema

Ut Wikipedy
De ferzje fan 29 des 2017 om 12.35 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Keppeling om utens: kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Lourens Alma-Tadema
Bertehûs yn Dronryp
Alma-Tadema, troch Ben van der Geest

Lourens Alma-Tadema, of Sir Lawrence Alma-Tadema (Dronryp, 8 jannewaris 1836 - Wiesbaden, 25 juny 1912) wie in Ingelsk/Frysk keunstskilder, dy't wurke neffens de akademyske tradysje. Hy waard berne as soan fan notaris Pieter Tadema en waard Lourens Alma neamd. Hy begûn syn oplieding oan de keunstakademy yn Antwerpen yn 1852. Hjir krige hy les fan Gustaaf Wappers, Jozef Van Lerius en Jan Verschaeren.

Yn 1861 studearre hy yn Keulen. Op syn reis nei Itaalje yn 1863 ûntstie syn grutte leafde foar de klassike keunst en arsjitektuer. Yn 1869 fêstige hy him yn Ingelân, wêr't hy wenjen bleau oant syn dea yn 1912. Yn 1879 waard hy talitten ta de Royal Academy of Arts. Yn 1899 waard hy yn Ingelân riddere en mocht him dêrom Sir Lawrence neame. Tadema wie ek kommandeur yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw en waard yn 1881 opnomd yn de eksklusive oarder "Pour le Mérite".

De skilderijen fan Alma-Tadema binne opmerklik fanwege de oandacht foar details, de gledde ôfwurking en de realistyske stofútdrukking. Syn measte wurken byldzje idealisearre sênes út de klassike âldheid of út it Frankryk fan de Midsiuwen.

Tadema wie in neef fan Hendrik Willem Mesdag en hat ek skilderles jûn oan syn frou Sina van Houten.

Alma-Tadema wie in rûnute en fleurich man. Syn lúksueuze en foar it meastepart moarmeren atelier yn Londen wie in trefpunn foar de hegerein en der wie in soad wille. Louis Couperus koe it dêrom goed mei de skilder fine, hoewol't se dochs beide ynteresse yn de âldheid hiene.

Alma-Tadema liet twa net-troude dochters nei. It atelier is bewarre bleaun, mar it is nei harren dea ferfallen en yn appartementen opdield. Yn de jierren nei syn dea waad it klassisistyske wurk fan Alma-Tadema troch keunstkenners net mear op priis steld.

Ier wurk fan him hinget yn it Frysk Museum.
Sûnt de lette jierren '80 wurdt it wurk fan Alma-Tadema wer mear wurdearre en samle en de prizen op de feilingen stige dan ek oanhâldend. In opfallende samler fan Alma-Tadema's wurk is de akteur Jack Nicholson.

  • Ash, Russell - Sir Lawrence Alma-Tadema, Harry N. Abrams Inc. New York, 1990, ISBN 0-8109-1898-6
  • Barrow R. J. - Lawrence Alma-Tadema, Phaidon Press Inc , 2001, ISBN 0-7148-3918-3
  • Swanson, Vern G - Alma-Tadema : The painter of the Victorian vision of the ancient world, Charles Scribner'sons, New York, 1977, ISBN 0-684-15304-1
  • Swinglehurst, Edmund - Lawrence Alma-Tadema, Thunder Bay Press, Canada, 2001, ISBN 1-57145-269-9

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]