Springe nei ynhâld

Galla Plasidia

Ut Wikipedy
De ferzje fan 18 des 2017 om 20.13 troch Drewes (oerlis | bydragen) (Biografy)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Ofbylding fan Galla Plasidia

Galla Plasidia, yn it Latyn folút Aelia Galla Placidia (388 - 27 novimber 450) wie de dochter fan keizer Teodosius I en syn twadde frou Galla (in dochter fan Falentinianus I). Sy wie in grut part fan har libben in frou fan kwizekwânsje en spile in wichtige rol yn de Romeinske polityk.

Galla hie in aventoerlik libben. Hja wie oarspronklik bestimd om te boaskjen mei de soan fan magister militum Stilicho. Lykwols waard sy ûnder it belis fan Rome yn 410 finzen naam troch de Fisigoaten. Koarte tiid (414-415) wie sy troud mei Ataulf, in Goatyske kening en neidat dy fermoarde waard, waard sy yn it ramt fan in fredesferdrach troch de Fisigoaten wer oerdroegen oan de Romeinen. Op oantrún fan har healbroer keizer Honorius boaske sy tsjin har sin mei Konstantius III, op dat stuit de meast effektive Romeinske generaal. Kontantius III waard yn 421 keizer, mar stoar yn datselde jier.

Galla Plasidia ferfarre nei Konstantinopel en wie fan dêrút warber by it omsmiten fan it bewâld fan keizer Johannes (423-425) dy't nei Honorius koart regearre oer it West-Romeinske Ryk. Nei syn fal yn 425 fierde sy oant 437 foar har minderjierrige soan Falentinianus III it regear oer it ryk. Koart foar de dea fan Galla Plasidia kaam har dochter, Justa Grata Honoria negatyf yn it nijs doe't sy yn 450 ferlove woe mei de Hunske lieder Attila. In soan út har eardere houlik mei Ataulf ferstoar al nei inkele moannen.

It libben fan Galla Plasidia ferrûn lykop mei de ûndergong yn slow-motion fan it West-Romeinske Ryk. Sels levere sy as regintesse foar har soan Falentinianus III yn de jierren 429 oant 432 in net ûnbelangrike bydrage oan dy delgong. Sy koe net foarkomme dat twa fan har wichtichste generaals, Bonifasius en Flavius Aetius in boargerkriich begûnen yn stee fan tegearre op te treden tsjin de Fandalen yn it hjoeddeiske Noard-Afrika en de Hunnen yn Pannoanje te befjochtsjen. Dy episoade ferlear it westlike Ryk de wichtige provinsjes Mauritaanje Tingitana, Mauretaanje Caesariensis, Afrika en Pannoanje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Sekundêre boarne:

  • Stewart Irwin Oost, Galla Placidia Augusta, A Biographical Essay (1967).

Keppeling om utens:'