Springe nei ynhâld

Petear

Ut Wikipedy
De ferzje fan 12 okt 2017 om 14.59 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (nije side)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Brunnengespräch, in keunstwurk fan Loni Kreuder yn Grienlo.

In petear, konversaasje, dialooch of, ynformeler, in praatsje is in foarm fan mûnlinge kommunikaasje tusken teminsten twa mar mooglik mear ûnderskate persoanen. As der mar ien persoan oanwêzich of oanhâldend oan it wurd is, sprekt men yn 'e regel net fan in petear, mar fan in monolooch of in taspraak, hoewol't it wol mooglik is om in petear mei jinsels te fieren as men yn jinssels praat. In petear kin fierd wurde as de dielnimmers sa deun byinoar binne dat se inoars praten ferstean kinne, mar it kin ek oer de tillefoan of oer it ynternet (bgl. fia Skype) fierd wurde troch lju dy't har op hiel ferskillende geografyske lokaasjes befine.

De ûntwikkeling fan 'e feardichheden dy't nedich binne om in petear te fieren, foarmet in wichtich part fan sosjalisaasje. It oanlearen fan 'e wurdskat om in petear te fieren is fierders ek in wichtich ûnderdiel fan it learen fan in frjemde taal. Petearanalyze is in tûke fan 'e sosjology dy't him taleit op 'e stúdzje fan 'e struktuer en organisaasje fan minsklike ynteraksje, yn 't bysûnder yn 'e foarm fan it hâlden fan in petear.

Petearen dogge har foar yn in grut tal ferskillende foarmen, fan tige ynformeel (in praatsje) oant tige formeel (in audiïnsje). Guon soarten petearen binne bedoeld om dejinge mei wa't men in petear fiert, earne fan te oertsjûgjen, lykas in debat, in diskusje of in dialooch yn 'e ingere sin. Oare soarten petearen hâldt men om ynformaasje yn te winnen of troch te jaan, lykas in fraachpetear, sollisitaasjepetear of minnijspetear. Ek it funksjonearringspetear en it beoardielingspetear, dy't allebeide yn 'e wurksfear plakfine, soe men yn dy lêste kategory yndiele kinne. Noch wer in oare soarte fan petear is it petear ûnder fjouwer eagen, dat troch twa persoanen yn ôfsûndering holden wurdt om 'e ynhâld geheim te hâlden. Fierders is non-convergent discourse in Ingelske taalkundige term foar in twatalich petear, wêrby't de beide (of mear) petearsdielnimmers harren fan ferskillende talen betsjinje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.