Springe nei ynhâld

Noardwâldster Feart

Ut Wikipedy
De ferzje fan 12 sep 2017 om 13.48 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

De Noardwâldster Feart (Stellingwerfsk en offisjeel: Noordwoolder Vaort) is in feanfeart yn de gemeente Weststellingwerf. De feart rint fan Noardwâlde nei it easten en bûcht krekt foar it doarp De Hoeve ôf nei it noardwesten om by de observaasjehutte út te rinnen yn de Linde.

De namme Noordwoolder Vaort jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Noordwoldervaart.