Middelste Wyk
Appearance
De Middelste Wyk is in sleat yn de gemeente Smellingerlân. De wyk rint noardeast fan Drachten bylâns de Folgeraleane (as Folgesterloane) yn noardeastlike rjochting, besuden Luchtenfjild en benoarden Drachtster Kompenije. It is ien fan de hiele soad wiken dy't yn noardeastlike rjochting rinne út de tiid fan de feanterij.
In wyk is in fan de haadfeart ôfgeande lytsere feart om turf ôf te fieren.
De namme Middelste Wyk jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Middelste Wijk.