Wyk (sydkanaal)
In wyk is in fan it haadkanaal ôfgeande lytsere feart, dy't yn it heechfean groeven waard. Der waard groeven oant de sângrûn en dêrnei lieten se earst it turffjild drûgje. Wyken waarden faak oanlein op 10 oere sadat de turf middeis yn de sinne drûge wurde koe.
At de turf drûch wie giene de turfskippen troch de wiken om it turf ôf te fieren.
Nei de ferfeanting wie de wyk foar de op ûntgûne dalgrûn wenjende boeren it middel om by harren lân te kommen. Meastentiids binne de wiken op geregelde ôfstannen (faak ± 200m.) fan elkoar ôf. Nei de Twadde Wrâldoarloch binne op hast alle plakken de útmûnings fan de wiken tichtsmiten, om lâns it haadkanaal ferfier oer de dyk mooglik te meitsjen. Allinnich lâns de Skoatterlânske Kompanjonsfeart, fan "Under-Knipe" oant It Hearrenfean hat de âlde tastân noch lang bestien.
Wiken waarden neamd nei ferfeanters, eigeners fan de oanbelangjende lannen, lokale bysûnderheden, mar yn de easthoeke fan Ald-Skoatterlân waarden se yn de 19e iuw mei in nûmer oantsjutten.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|