Springe nei ynhâld

Museum Dekemastate

Ut Wikipedy
De ferzje fan 7 aug 2017 om 19.49 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (Sjoch ek: kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Dekemastate

Museum Dekemastate stiet oan de Jelsumerwei yn Jelsum. De iuwenâlde bûtenpleats en de state dy't bekend stiet as Dekemastate binne in ryksmonumint. Sûnt 1996 is it in museum. It hûs is ynrjochte as yn de tiid foar de oarloch.

Bysûnderheden:

  • De iepenstelde tún mei stinzeplanten dy't yn de maaitiid bloeie.
  • Portrettekolleksje, besteande út de bewenners fan Dekemastate dy't har skilderje lieten fan de 15e iuw ôf. Dêrby ek de earste fan Wageningen, Gerardus van Wageningen dy't op Dekemastate kaam te wenjen troch syn houlik mei Juliana Lucia Elisabeth Maria Houth. De famylje hat sûnt dy tiid twa iuwen op Dekemastate wenne. De oantrouden namen famyljeportretten mei. Yn 2004 waard in tentoanstelling wijd oan de famylje Dekema.
  • Ferklaaiersklean: bern kinne har ûnder begelieding fan de âlden ferklaaie yn klean út de perioade 1700 - 1920
  • Audiotour op MP3-spilers: makke foar en troch tsieners

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: