Springe nei ynhâld

Dôvens

Ut Wikipedy
De ferzje fan 29 jun 2017 om 14.32 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Symboal foar dôvens en staffens.

Dôvens of dôfheid is in permaninte of tydlike lichaamlike omstannichheid dêr't men tige min of alhielendal net troch hearre kin. In lichte oant midsmjittige dôvens wurdt yn it Frysk ornaris staffens neamd. It ferlies fan it gehoar kin foarkomme oan ien ear of oan beide earen tagelyk. As soks by bern foarkomt, kin dat it fermogen oantaaste om (goed) praten te learen; dêrfandinne dat men foarhinne fan dôfstommens spriek, wêrby't men derfan útgie dat bern dy't dôf berne waarden of hiel ier it gehoar ferlearen ek in ûnfermogen hiene om te praten. Dat is lykwols sa net, mar om't men by dôfheid net hearre kin wat men seit, is it hiel dreech om it uterjen fan 'e juste lûden yn 'e goede folchoarder oan te learen. Sawol by bern as by âldere minsken kin dôvens resultearje yn iensumens.

De oarsaken fan dôvens binne tige ferskaat, en kinne te krijen hawwe mei genetika, âlderdom, bleatstelling oan lûd leven, beskate ynfeksjes of ferwûnings oan 'e earen, komplikaasjes by de berte en de ynname fan beskate medisinen en giffen. Ien fan 'e meast foarkommende oarsaken is in groanyske earûntstekking. Rûchwei de helte fan 'e gefallen fan dôvens kin foarkommen wurde troch yninting, goede sûnenssoarch ûnder it swierwêzen, it mijen fan lûd lawaai (bgl. fan útgeansgelegenheden dêr't lûde muzyk draaid wurdt) en it net ynnimmen fan beskate medisinen. Yn dat ramt riedt de Wrâldsûnensorganisaasje (WHO) oan dat de jongerein it harkjen nei persoanlike audiospilers beheind ta ien oere deis.

Der besteane ferskate helpmiddels foar lju dy't mei permaninte dôvens oanhelle binne, lykas hearapparaten, ringliedings, liplêzen, gebeartetaal, ûndertiteling fan tillefyzjeprogramma's en it oanbringen fan kochleêre ymplantaten, dy't trillings opfange. Yn in grut part fan 'e wrâld is de tagong ta sokke helpmiddels lykwols beheind. Yn 2013 wiene der sa'n 1,1 miljard minsken op 'e wrâld dy't yn slimmere of lichtere mjitte mei dôvens of staffens te krijen hiene. Folsleine dôvens kaam foar by 124 miljoen minsken, wêrfan't de krupsje by 65 miljoen minsken ûnder de jonkheid begûn. Benammen yn 'e Westerske wrâld sjogge dôven dy't as earste taal in gebeartetaal oanleard hawwe, harsels as leden fan in dôvekultuer, en beskôgje se har as oars, ynstee fan as lichaamlik beheind. In grut diel fan 'e leden fan dôvekultueren binne derop tsjin om te besykjen en genês dôvens.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.