Gerniersmuseum 'De Grusert'
Gerniersmuseum 'De Grusert' is de âldheidkeamer en gerniersmuseum oan de Kleasterdyk fan Berltsum. Ta de kolleksje heart ek in samling âld gerniersark.
Gerniers
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de 16e iuw wie Berltsum it sintrum fan de Fryske túnbou. Soks kaam troch de gaadlike grûn besuden it doarp en de ôffiermooglikheden fan de produkten oer wetter. Yn de 18e iuw stie it doarp bekend om har hôvingen. Letter waard dit fersterke troch de komst fan de feiling, de opkomst fan de glêstúnbou en de taleverjende bedriuwen. Oant 1987 hie Berltsum in eigen grientefeiling. Yn it museum is dan ek in soad gerniersark te finen (in gernierker is in túnman of in bouboerke).
Untstean
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Aldheidkeamer hat it ark en reau opslein yn in skuorre en de kelder fan in âld hearehûs. Begjin 2001 kamen in tal redaksjeleden fan it boek ‘Berlikum, beeld van een dorp’ gear. In groep bewenners fan Berltsum dy't foar ien kear in boek oer Berltsum makke hawwe mei Simmer 2000. It boek jout in beskriuwing fan in kuier troch it doarp yn âlde tiden yn ferheljende foarm en foto’s. De redaksje hat in soad dokumintaasjemateriaal garre foar dat boek. Guon fan dy leden hawwe, mei inkele leden fan ‘de Grusert’ in histoarysk argyf- en dokumintaasjesitrum opsetten om sa it kulturele erfguod fan Berltsum en omkriten feilich te stellen. De dokumintaasje is mei de CBD Fryslân automatisearre. It argyf is opslein yn de eardere kosterwenning fan de Menniste gemeente oan de Fermanjestrjitte 3.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De âldheidkeamer sit yn in iuwenâlde bierbrouwerij dy't oan de opfeart De Piip lei dy't al lang lyn tichtsmiten is. Midden yn de Buorren fan Berltsum wie in piip yn de Grusert, ek wol neamd it Grúske of de Gryt(man)sleat. Yn 1894/95 is de grüze piip noch fernijd wurden. Dy rûn fan de Krússtrjitte ôf efter de Buorren lâns ûnder de Kampsterbrêge troch rjochting Buorren, ûnder de piip yn de Buorren troch, rjochting Hôfsleane oan it hok fan Oene Onijdus Born ta. Dat hok stiet tsjinoer it hûs fan Arie Hendrik´s Posthumus, Hôfsleane nû. 61.
Oan de Grúsert stie ek it koartlyn ôfbrutsene fearhûs, dêr't letter de yn Berltsum wrâldferneamde "Yep fan de Piip" (Yep Tjittes de Jong) yn wenne hat.