Springe nei ynhâld

Henk Miedema

Ut Wikipedy
De ferzje fan 23 mai 2017 om 15.10 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Utwettering fan it H.G. Miedemagemaal yn de Waadsee by Swarte Hoarne

H.G. (Henk) Miedema wie foarsitter fan it wetterskip Noardlik Westergoa.[1]

Miedema wie bouboer op It Bilt. Hy rekke belutsen by it wetterskipswurk. Syn earste taak as foarsitter fan in tariedingskommisje wie om 43 polders gear te foegjen ta ien wetterskip. Dit wurk begûn yn 1965 en yn septimber 1966 koe it nije wetterskip Noardlik Westergoa oprjochte wurde. Dit wetterskip regele it wetterbehear yn it noardwesten fan Fryslân. Miedema soe de earste foarsitter fan it nije wetterskip wurde en soe dit 26 jier lang bliuwe. Op 1 septimber 1992 waard hy opfolge troch Jan Oosterbaan. Miedema wie ek jierrenlang foarsitter fan it Friese Bond van Waterschappen. By syn fertrek die him in nije fúzjeweach foar. Nei syn betinken moast de ôfstân tusken boer en wetterskip net te grut wurde. Hy wie fóar it opdielen fan Fryslân yn fiif wetterskippen. Fiif jier nei syn ôftreden waard syn winsk honorearre. Yn 1997 fusearden de wetterskippen yn Fryslân en ûntstienen der fiif nije wetterskippen. Noardlik Westergoa gie op yn it nije wetterskip De Waadkant. Sân jier letter ûntstie der dochs ien provinsjaal waterskip Fryslân.

Ien fan de twa seegemalen waard, fanwege syn verdiensten, nei him neamd, it H.G. Miedemagemaal yn Swarte Hoarne.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Noardlik Westergoa fusearre per 1 jannewaris 1997 mei in pear oare Noardfryske wetterskippen ta it weterskip 'De Waadkant'. Per 1 jannewaris 2004 gie dit wetterskip op yn it nije provinsjale wetterskip Fryslân.