Springe nei ynhâld

Jelle Hotses

Ut Wikipedy
De ferzje fan 23 mai 2017 om 14.10 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

Jelle Hotses, ek Gellius Snecanus (Frisius) of Gellius Hotzenides (Snits, foar 1525 - Ljouwert, nei 1596) wie in teolooch.
As pastoar yn Gytsjerk de herfoarming tadien, preke hy al foar 1565 yn 'slûpgearkomsten'. Dêrom waard er ek wol "De herfoarmer fan Fryslân" neamd. Hy flechte yn 1567 nei East-Fryslân mar kaam tal kearen werom. It wie in populêre preker, mar mear noch teolooch. Nei 1583 waard er frijsteld foar de stúdzje en skreau er tsjin de dopersken en foar in bettere predikante-oplieding. Sa wie er in foarrinder fan de remonstranten. Hy utere syn gefoelens yn anonime geskriften, mar se lieten him gewurde.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok en M. Wiegersma, red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Gellius Snecanus.
  • Biographisch Woordenboek van protestante godgeleerden in Nederland III side 204-208
  • J.J.Kalma - Repertorium Frieslands Verleden (Ljouwert, 1955)