Springe nei ynhâld

Sytze Roorda fan Eysinga

Ut Wikipedy
De ferzje fan 19 mai 2017 om 21.28 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

Sytze Roorda fan Eysinga (Snits, 24 febrewaris 1772 - 1 april 1829 o/b. fan Het schoon verbond by St. Helena, dêre te hôf brocht) wie in predikant.

Hy wie predikant yn De Kúnder yn 1794 en te Westzaan yn 1800. Achttjin jier letter ferfear er mei frou en trije bern nei Java en waard predikant yn Batavia. Yn 1821 makke er in tsjinstreis as tsjerkfisitator nei Makassar, Amboina, Ternate en Banda. Yn Batavia wie er skoalopsjenner en sekretaris fan de pleatslike ôfdieling Bibelgenoatskip. Teffens wie er lid fan it Bataviaansk Genoatskip. Yn 1810 ferskynde yn Amsterdam syn Leerredenen over nuttige en aangename onderwerpen. Syn soan, Dr. Philippus Pieter, joech de Reizen en lotgevallen zijns vaders út yn twa dielen (Amsterdam, 1830).

Hy wie troud mei IJda Catarine Piers.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Nieuw Nederlandsch Biografisch Woordenboek (NNBW), Roorda van Eysinga (Sytze) troch Herderscheê