Piter Vostaert
Appearance
Piter Vostaert | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Pieter Vostaert | |
nasjonaliteit | Flaamsk | |
etnisiteit | Flaamsk | |
wurk | ||
taal | Midnederlânsk | |
sjenre | ridderromans | |
perioade | Midsiuwen | |
bekendste wurk(en) |
De Roman van Walewein | |
jierren aktyf | 13e iuw | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
Piter Vostaert wie in trettjinde-iuwsk Flaamsk skriuwer en dichter, dy't inkeld bekend is fan ien roman yn fersen, de Arthurleginde De Roman van Walewein, ek wol bekend as De Jeeste van Walewein en het Schaakbord.
Dat wurk wie begûn troch in skriuwer dy't himsels Penninc neamde, mar dy briek it op likernôch trijefearns ôf. Wat de reden dêrfoar west hat, is ûnbekend, mar yn elts gefal hat Piter Vostaert de roman letter foltôge, troch der goed 3300 fersregels oan ta te foegjen. Oer it algemien wurdt oannommen dat Vostaert en Penninc inoar kend hawwe, mar dat is hoegenamt net mei wissichheid te sizzen. It kin suver net oars, of Vostaert moat mear skreaun hawwe, mar dêrfan is dan neat oerlevere (of alteast net ûnder syn namme).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |