Springe nei ynhâld

Ynformaasje

Ut Wikipedy
De ferzje fan 11 mai 2017 om 20.03 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (sortearre op i (dêr stiet it ek yn it wurdboek))
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
In ynformaasjeboerd mei ynformaasje oer de strjitnammen yn Beesd

Ynformaasje (fan Latynsk ‘’informare’: “foarmjaan, foarmje, ynstruearje”) is alles wat kennis tafoeget en sa it net witten, de ûnwissens of it net krekt witten ferminderet. Strikt nommen is ynformaasje earst ynformaasje as dy te ynterpretearjen is. Ynterpretearjen en yntegrearjen fan ynformaasje resultearret yn kennis. Troch de tiid hinne ferskynden der hûnderten definysjes fan it begryp. Dat komt om’t in tal (sub)wittenskippen en tapassingsmêden it ferskillend brûke. Ynformaasje wurdt oerdroegen troch kommunikaasje. Wa’t in boadskip oerdraacht is de stjoerder en wa’t it boadskip krijt is de ûntfanger. Meastentiids is der twarjochtingsferkear.

Gegevens, ynfo en kennis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynformaasje wurdt gauris betize mei de begripen gegevens en/of kennis. Gegevens binne feiten of symboalen en wurde ynformaasje as se betsjutting, praktysk nut of nijswearde hawwe foar de ûntfanger. In oare definysje hâldt út dat de mjitte dêr’t de ûnwissens mei opheft wurdt, in mjitte foar de hoemannichte oan ynformaasje is.

Kennis is in produkt dat útmakke wurdt troch de ynformaasje, ûnderfining, feardigens en hâlding dêr’t de persoan oer beskikt. Masines (lykas kompjûters begripe ynformaasje net lykas in minske, se ferwurkje data (gegevens).

In bekend foarbyld fan it ûnderskied tusken ynformaasje en gegevens is út te lizzen oan de hân fan in telefoanboek. De telefoannûmers út it telefoanboek binne gegevens. Se kinne ferwurke wurde. Jo kinne de telefoannûmers oprinnend sortearje op abonneenûmer, mar jo kinne de gegevens ek sortearje op efternamme. Jo kinne in seleksje meitsje fan alle nûmers mei in beskaat netnûmer. As immen it telefoannûmer fan syn mem siket yn it telefoanboek, om dat nûmer dêrnei te skiljen, dan is dat iene nûmer de ynformaasje. Jo witte dat jo de telefoan pakke moatte, om it nûmer draaie of toetse te kinnen. De nûmers moatte efterinoar trochjûn wurde. Yn guon gefallen kin it lânnûmer of sels it netnûmer weilitten wurde. Inkeld moat de earste 0 yn it netnûmer fuortlitten wurde. Dat moate jo allegearre witte om de ynformaasje op de goede manier te brûken. Witte jo dat net, dan is it net mear as in gegeven, en wurdt it yn guon gefallen sels as rûs ûnderfûn.

Ynformaasje yn in boadskip

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In sammeling ynformaasje dy’t mei in doel oerdroegen wurdt is in ‘boadskip’. Dy hat ynformaasje en meta-ynformaasje. Sûnder betsjutting (bygelyks om’t de taal of de symboalen ûnbekend binne) kin de ynfo net folslein oerbrocht wurde. Ynformaasje is dus in subjektyf begryp.[1]

Ynformaasje-easken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hokker easken moatte oan ynformaasje steld wurde?

Yntegriteit

Dat is de betrouberens fan de ynformaasje. It is wichtich dat jo de ynformaasje bygelyks net feroarje om it positiver te meitsjen as it yn werklikheid is. Jo moatte de krekte gegevens notearje dy’t op dat stuit jilde.

Kwaliteit

Dat is hoe goed de ynformaasje oanslút op de easken fan de klant. Dêrby kinne jo tinke oan de opmaak, hokker gegevens yn it oersjoch foarkomme moatte, ensfh. De ynformaasje moat der net brollich útsjen, dy moat yn in dúdlik oersjoch jûn wurde.

Kwantiteit

Dat is de hoemannichte ynformaasje. It is wichtich om folsleine ynformaasje te jaan, oars kin it foarkomme dat der beskate ynformaasje net werjûn wurdt wat foar de iene persoan faaks net wichtich is mar foar de oare krekt wol wichtich wêze kin.

Tidigens

It is wichtich om beskate ynformaasje op ‘e tiid troch te jaan, oars kin it bygelyks foarkomme dat de ynformaasje earst komt nei it stuit dat der ferlet fan is. (bygelyks: de ynformaasje dy’t foar in gearkomste nedich is wurdt earst nei de gearkomste levere).

Folslein

It is wichtich om folsleine ynformaasje te jaan, oars kin it foarkomme dat der beskate ynformaasje net werjûn wurdt wat foar de iene faaks net wichtich is. Mar foar de oare kin it krekt wol wichtich wêze.

By de tiid (up-to-date)

De ynformaasje moat net út it ferline helle wurde, it moat krekte ynformaasje wêze oer gegevens dy’t by de tiid binne. Dus oer hoe’t de siteaasje OP DIT STUIT is.

Nei te gean

Jo moatte troch in beskate proseduere de ynformaasje notearje/stal jaan. Jo moatte bygelyks gjin siferlisten kontrotearje litte as de sifers noch net definityf binne. Dan feroarje de sifers bygelyks en kin it byld fan in learling hiel oars wurde.

Mjitte fan detailleerdens / oersichtlik

In bekende Nederlânske siswize seit: "overdaad schaadt” By it generearjen fan ynformaasje giet it dus (ek) om de keunst fan it fuortlitten.

Helderens

Koart en krêftich, net tefolle opskik. Programma’s dy’t har tefolle dwaande hâlde mei de lay-out en kleurstelling en te min mei de ynhâldlike kant fan de gegevens, neame programmeurs gauris “Bimbo-ware”.

Relevânsje

As jo freegje nei de winstsifers it lân, ha jo gjin ferlet fan in ûnderferdieling nei produktgroep.

Der binne ferskillende wizen foar it oerbringen fan ynformaasje. Dat kin troch wurden of gebearten. It medium dêr’t gebrûk fan makke wurdt by it oerbringen fan it boadskip wurdt it kanaal neamd. Wy kinne ferskillende groepen ûnderskiede:

  • sintúchlike kanalen, lykas it antlit, gehoar, gefoel, rook en smaak;
  • meganyske kanalen, lykas in pinne of in skriuwmasine;
  • elektroanyske kanalen, lykas radio, telefoan of kompjûter.

As jo neat sizze, kin dochs in part fan it boadskip oerbrocht wurde troch lichemstaal. Sels jo oanwêzigens, jo swijen of jo andert dat mar net komt kin in boadskip oan de oar jaan.

Yn hokker mjitte de ynformaasje dy’t oerbrocht wurdt oankomt by de ûntfanger hinget fan ferskate faktoaren ôf. Faktoaren dy’t de ynformaasje-oerdracht negatyf beynfloedzje wurde rûs neamd. Der besteane ferskate soarten rûs.

Under eksterne rûs wurde faktoaren ferstien dy’t de ûntfanger ôfliede wêr’t de ynformaasje-oerdracht troch fersteurd wurdt. Dat is bygelyks it gefal as jo in petear besykje te hâlden yn in omjouwing mei in soad leven.

Under ynterne rûs wurde faktoaren ferstien dy’t lizze yn de ûntfanger of de stjoerder. Ynterne rûs kin ferskate oarsaken hawwe: It petear fynt plak yn in taal dy’t ien of beide praters net goed machtich binne Kulturele ferskillen Ien of beide praters binne emosjoneel De stjoerder drukt him ûndúdlik út of makket net genôch ûnderskied tusken haad- en bysaken De ûntfanger lûkt te gau konklúzjes of ynterpretearret de ynformaasje op in wize dy’t de stjoerende partij net oankommen seach De ûntfanger fynt de ynformaasje yrrelevant en ferwurket dy bewust of ûnbewust net De stjoerder jout mear ynformaasje as de ûntfangende partij ferwurkje kin (information overload).

Ynformaasje kin op ynhâldsnivo en betrekkingsnivo stjoerd wurde. It ynhâldsnivo giet de konkrete ynhâldlike ynformaasje oan. Betrekkingsnivo is ynformaasje op meta-nivo: bygelyks ynformaasje oer hoe’t in boadkip opfette wurde moat en hoe’t de ferhâldings binne tusken de belutsenen yn in relaasje. Faak wurdt tagelyk in boadskip op ynhâldsnivo en betrekkingsnivo jûn.

Organisatoaryske ynformaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn in organisaasje (lykas in bedriuw) hawwe jo ferskillende soarten ynformaasje.

  • Ynterne ynformaasje: ynformaasje dy’t net yn de iepenbierens komt. Bygelyks leangegevens, adresgegevens fan klanten of produksje-ynformaasje.
  • Eksterne ynformaasje: ynformaasje dy’t yn iepenbiere boarnen foarhannen is. Dy is te finen yn tydskriften, boeken, beurzen, merkûndersiken, ensfh.
  • Strategyske ynformaasje: ynformaasje om doelstelings fan de organisaasje en grutte ynvestearrings te ferantwurdzjen. Dy wurdt faak foar ienkear sammele en útjûn yn de foarm fan in rapport.
  • Dêrnjonken jout de strategyske ynformaasje it bestjoer fan de organisaasje ynsjoch yn de realisaasje fan feroaringsprosessen oer de langere termyn. As foarbyld kin tsjinje de feroaring fan it brûken fan klantkanalen (fan fysyk of telefoanysk kontakt nei online bygelyks) yn de loop fan in strategyske plenningsperioade fan (bygelyks) trije jier. Troch ynsjoch yn dy ynformaasje kin it bestjoer minsken, middels en prosessen optimaal ôfstimme op de realisaasje fan de stelde langetermyndoelen.
  • Taktyske ynformaasje: yntern rjochte ynformaasje op de middellange termyn. Dy ynformaasje lit sjen oft primêre prosesen goed ferrinne yn in organisaasje, bygelyks yn de foarm fan in wyk-, moanne- of fearnsjierrapportaazje. Ek jout dy ynformaasje ynsjoch yn it realisearjen fan taktyske doelstellings. In foarbyld is ynformaasje oer de trochsnee tiid dy’t oan in oer de e-post ynkommen fraach fan in klant bestege wurdt. Troch ynsjoch yn dy ynformaasje kin it taktysk management daliks oanstjoere op it realisearjen fan de doelstellings foar de lange termyn.
  • Operasjonele ynformaasje: ynformaasje om de operasjonele prosessen (deistich wurk) yn de organisaasje mooglik te meitsjen. Dat is fêstlein yn bedriuwsrûtines en hânboeken.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 'Informatie'