Pierre de Coubertin
Appearance
Pierre de Frédy, Baron fan Coubertin (better bekend as Pierre (Baron) de Coubertin) (Parys, 1 jannewaris 1863 – Genêve, 2 septimber 1937) wie in Frânsk histoarikus en pedagooch dy't bekend wurden is as de oprjochter fan de moderne Olympyske Spullen. Hy wie de twadde foarsitter fan it Ynternasjonaal Olympysk Komitee. Neffens Pierre de Coubertin wie "meidwaan wichtiger as winnen".
De Coubertin die sels mei oan de Olympyske Spullen fan 1912 ûnder de skûlnammen Georges Hohrod en M. Eschbach en wûn in gouden medalje by it ûnderdiel literatuer. Dy wedstryd stie oant en mei de Olympyske Simmerspullen fan 1948 op it programma.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Pierre de Coubertin fan Wikimedia Commons. |