Libius Sevearus
Libius Sevearus (sa. 420 - 15 augustus 465), soms ek wol neamd Sevearus III, wie keizer fan 19 novimber 461 oant 15 augustus 465.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Libius Sevearus waard troch Risimer op de troan setten yn Ravenna, nei de dea fan keizer Majorianus yn novimber 461. Hy waard lykwols net erkend troch it East-Romeinske ryk.
In soad skiedkundigen (ek fan eardere tiden) beskôgje Libius Sevearus as in marjonet fan Risimer, mar wierskynlik wie hy ek noch wol minder as dat. Under syn regear barde der net folle, en as der al wat barde dan waard dat troch Risimer dien. Oer de persoan Libius Sevearus witte wy eins net sa folle, útsein dat er wierskynlik berne is yn Lucianië, (Súd-Itaalje). Theophanes meldet dat hy de bynamme (cognomen) "Serpentius" hie.
Libius Sevearus stoar oan ûnbekende oarsaken, sawol moard as in natuerlike deadsoarsaak is mooglik, op 15 augustus 465. It kin wêze dat dizze datum net hielendal kloppet, omdat der noch in wet mei syn namme oannommen waard op 25 augustus. Nei syn dea folge der in ynterregnum fan 18 moannen wêryn't ek net folle barde.