Ingólfur Arnarson
Ingólfur Arnarson wurdt sjoen as de earste permaninte bewenner fan Yslân. Hy sette him mei syn wiif en syn stam yn de twadde helte fan de njoggende iuw nei wenjen op it eilân. Neffens de Landnáma stifte er Reykjavík yn 874. Neffens archeologyske fynsten wie der al earder in delsetting, mar it ferskil sil net grut wêze.
Troch strideraasjes yn Noarwegen rekke er syn lân kwyt en moast mei famylje en stamleden fuort. Earst fêstige er him op in eilân foar de Yslânske kust. Doe’t syn bûnsmaat Hjörleifur Hróðmarsson op in oar eilân foar de kust fan Yslân troch syn slaven fermoarde waard, en Ingólfur Arnarson de slaven dêrfoar geweken naam, smiet er in heechsitpylder fan syn eardere hûs yn Noarwegen yn ‘e see en woe syn nije webstee op it plak bouwe, dêr’t de pylder oan lân komme soe. Sa kaam er by in bocht mei hite boarnen. Dêr sette er him dan foarfêst nei wenjen en neamde it plak Reykjavík.
Op de Arnarhóll yn Reykjavík is boppe de Lækjartorg in brûnzen stânbyld fan Ingólfur makke troch de keunstner Einar Jónsson.