Ferdrach fan Washington (1836)
It Ferdrach fan Washington wie in formele oerienkomst tusken de Odjibwe- en Ottawa-Yndianen dy't oarspronklik it súdlike en sintrale part fan Neder-Michigan bewennen, en it regear fan 'e Feriene Steaten. It waard op 28 maart 1836 sletten yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C., en ûndertekene troch ferskate opperhaden fan 'e Odjibwe en Ottawa, en troch Henry Schoolcraft, dy't as Yndiaansk kommissaris (it haad fan it Buro fan Yndiaanske Saken) de Amerikaanske oerheid fertsjintwurdige. Neffens dit ferdrach stiene de Odjibwe en Ottawa harren lân ôf oan 'e Feriene Steaten, sadat it frijkaam foar kolonisaasje. Yn ruil dêrfoar krigen se ferskate oansjenlike reservaten tawiisd yn it noardwesten fan Neder-Michigan. Neitiid waard harren dat lân lykwols ek ôfnommen en ferskate stamme-organisaasjes moasten oant de ein fan 'e tweintichste iuw ta prosedearje om har federale erkenning en alteast in diel fan it har taseine reservaatlân werom te krijen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: External links, op dizze side. |