Springe nei ynhâld

Tsjalga

Ut Wikipedy
De ferzje fan 5 apr 2017 om 16.42 troch CommonsDelinker (oerlis | bydragen) ("Tsjouwga.png" is op Commons fuorthelle Ellin Beltz om't: per c:Commons:Deletion requests/File:Tsjouwga.png.)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

Tsjalga (Bulgaarsk: чалга; sekuerdere transliteraasje: čalga; útspr.: ['ʧaɫɡa], likernôch "tsjouga") is in Bulgaarske muzykstyl mei ynfloeden fan Grykske, Turkske, Arabyske, Servyske, Russyske en Roma-muzyk.

De namme tsjalga komt fan it Turkske wurd çalgı dat muzykynstrumint betsjut. In tsjalgadzjija wie in artyst dy't mei sawat elts ynstrumint oer wei koe en dêrby syn eigen karakteristike lûd hie. Tsjalgadzjija koenen faaks net noaten lêze, mar spilen faak ferskes út de holle op harren fluit.

Mei de ein fan it kommunisme kaam der ek in ein ta de sensuer op tsjalga en waard it gau populêr makke troch nije artysten.

Der is faak ek krityk op tsjalga om't der faak frij los mei de goede seden omgien wurdt en omdat it gjin echt Bulgaarske folksmuzyk, mar earder in goedkeap hjoeddeistich ôftreksel wêze soe.