Springe nei ynhâld

Aldyslânsk

Ut Wikipedy
De ferzje fan 22 feb 2017 om 18.57 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

It Aldyslânsk is de histoaryske foarm fan it Yslânsk sa't dat tusken likernôch 1150 en 1350 sprutsen waard. It is de taal fan 'e Yslânske sêgen (oerleverings op histoaryske basis, almeast sûnder ûnderling ferbân), fan Snorri Sturluson syn Edda (in unike samling goade- en heldedichten) en fan 'e skaldepoëzij, dy't oan strange, formalistyske easken foldwaan moast. Ek guon histoaryske teksten binne yn it Aldyslânsk skreaun en oerlevere, lykas it Landnámabók Íslands ("Kolonisaasjeboek fan Yslân") en it Íslendingabók ("Boek fan 'e Yslanners") fan Ári Þorgilsson.


Dit artikel is in stobbe oer taal.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.