Springe nei ynhâld

Tombigbee (rivier)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 30 okt 2016 om 18.55 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (kt)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Kaart mei de Tombigbee en de Alabama
Slûs en daam by Demopolis yn de Tombigbee, sa'n 3 km ûnder de gearrin fan de Tombigbee en Black Warrior

De Tombigbee is in 644 km lange rivier yn de Amerikaanske steaten Mississippy en Alabama. By de it gearkommen mei de Alabama wurde se de koarte Mobile dy't útmûnet yn de Baai fan Mobile oan de Golf fan Meksiko. De streamkrite de Tombigbee beslacht in grut part fan de kustflakte fan westlik Alabama en noardeastlik Mississippy. De rivier is in wichtige farrûte fan de súdlike Feriene Steaten. De bopperin is ferbûn mei de Tennessee troch de "Tennessee-Tombigbeewetterwei".

De rivier begjint yn it noardeasten fan Mississippi yn Itawamba County.

De Tombigbee streamt nei it suden yn de mar fan Aberdeen by Aberdeen en de mar fan Kolumbus, ûnder Kolumbus; dêrnei by de mar fan Aliceville op de grins tusken Mississippy en Alabama lâns en fierder troch westlik Alabama dêr't hja gearrint mei de Black Warrior. Besuden Demopolis rint hja fierder troch súdwest Alabama by Jackson. De Tombigbee komt by de Alabama oan de grins tusken Mobile en Baldwin, op sa'n 48 km benoarden Mobile en sa foarmje sy tegearre de Mobilerivier.

De bopperin fan de Tombigbee wie it thúslân fan de Chickasaw foar dat sy yn 1838 fuortlutsen. Bienville brûkte de Tombigbee yn 1736 as paad om harren te befjochtsjen.