Ynterregnum
In ynterregnum (meartal: ynterregna), fan it latynske inter ("tusken") en regnum ("regear", mei de konnotaasje rex, "kening") is in tuskenperioade wêryn't ôfwykt wurdt fan it normale bestjoer fan in gebiet. Oarspronklik tsjutte it begryp by de Romeinen op 'e tiid tusken de dea fan 'e iene kening fan it Romeinske Keninkryk en de kroaning fan syn opfolger. Letter waar dermei ferwiisd nei de perioade tusken it ôftreden fan 'e iene konsul en de beneaming fan 'e oare. Foar dat skoft sûnder konsuls waard in senator ta interrex (letterlik "tuskenkening") beneamd, dy't de ferkiezing fan nije konsuls tariede moast.
Nei de Romeinske Tiid krige ynterregnum syn moderne betsjutting, fan in ôfwiking fan it normale bestjoer, wêrby't der langere tiid gjin lânshear wie. Soks kaam foarhinne benammen foar as in keningshûs of oar hearskerslaach útstoar en der gjin of ferskate troanpretendinten wiene, mei as gefolch dat de troan in skoft leech bleau om't der nei in troanopfolger socht wurde moast of om't konkurrearjende oanspraken beoardiele wurde moasten. It Keninkryk Skotlân hie bygelyks in ynterregnum fan 1290 oant 1292, doe't der nei it útstjerren fan it Hûs Canmore net minder as 13 ûnderskate troanpretendinten wiene, dy't allegear kening wurde woene. Ek it Earste en it Twadde Steedhâlderleaze Tiidrek yn 'e Republyk fan de Feriene Nederlannen kinne as ynterregna beskôge wurde.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side. |