Springe nei ynhâld

Nijs

Ut Wikipedy
De ferzje fan 25 mai 2016 om 18.46 troch Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

It Nijs is in wiid begryp. Almeast hat it te krijen mei foarfallen dy't neffens de media nijsgjirrich en ynformatyf binne foar in soad minsken en is it der op rjochte om oan in sa grut mooglik publyk bekend te meitsjen. Dat kin wêze troch de krante, de telefyzje, de radio of it ynternet. Mei it nijs wurdt ek faak it sjoernaal of hjoed op de telefyzje bedoeld.

It nijs kin ûnderskieden wurde yn ferskate kategoryen. De meast foarkommende binne:

  • regionale nijs,
  • binnenlânsk nijs,
  • bûtenlânsk nijs,
  • polityk nijs,
  • finansjeel-ekonomysk nijs,
  • sportnijs,
  • kultureel nijs.