Fiver
In fiver is in poel fan stilsteand wetter dy't troch de minske oanlein is en dy't yn 'e regel oansjenlik lytser is as in mar. De bekendste fivers meitsje ûnderdiel út fan partikuliere tunen en binne meastal net grutter as op syn heechsten 10 m². Ornaris binne se folle mei ûndjip wetter, aldehanne wetterplanten en faak ek mei wetterdierte, lykas fisken, ynsekten en amfibyen. As der fisken yn holden wurde, binne dat faak goudfisken of koikoarpers.
Fivers binne ornaminteel fan aard en hawwe yn 'e regel gjin oar doel bûten dat. In útsûndering wurdt foarme troch fiskfivers, dêr't fisk (faak forel of salm) yn útset wurdt mei as doel dat angelders se der (tsjin betelling) wer útfiskje meie. Om't fivers ornaris ûndjip binne, en it wetter sadwaande maklik opwarmet yn 'e sinne, fral as de fiver net al te grut is, is it oan te rieden om der beammen of oare opgeande begroeiïng omhinne te plantsjen, sadat der beskade plakken binne dy't de temperatuer leech hâlde. Fierders moat men in fiver, benammen as dy net yn ferbining stiet mei streamend wetter, geregeldwei skjinhâlde en it wetter ferfarskje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.
|